Aldskou: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 3:
It plak dêr't no Aldskou leit hat al iuwen lang in wichtich punt west. De [[Griene Dyk]], de [[Alde Wjittering]] en it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen yn de rin fan 'e tiid tagong ta [[Snits (stêd)|Snits]] en it súdwesten fan [[Fryslân]], de [[Boarn]] en de diken dêr bylâns joegen nei it easten tagong ta de [[Wâlden]], en ek de Boarn en letter it [[Prinses Margrietkanaal]] joegen tagong ta [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en it noarden fan Fryslân. It behearskjen fan Aldskou en [[Jirnsum]] hat dan ek yn in rige fan oarloggen fan strategysk belang west.
 
Sûnt op syn minst de [[17e iuw]] hat dêr in fearhûs en postiljonthûs west. Oant en mei [[1839]] hie [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] der in [[fear (ferfier)|fear]] en in [[fearhûs]], om't dêr de [[wei nei Oerisel]] oer de [[Alde Wjittering|Wjittering]] hinne moast, mar sûnt [[1840]] leit der in brêge. Mei it tanimmen fan it ferkear oer de wei waard ek de brêge fan strategysk belang, dy't er west hat oant en mei de [[Twadde Wrâldkriich]].
Sels yn 'e Dútske tiid wie de brêge fan Aldskou noch fan strategyske betsjutting en troch it fernielen fan de brêge troch de Dútskers waard it Kanadeeske leger inkelde oeren opholden. Der hat dêrnei in skoft in [[Bailey-brêge]] oer de Wjittering lein.