Skouder: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Gray327.png|right|thumb|250px|It skoudergewricht fan in [[minske]].]]
It '''skouder''' is yn 'e [[minske|minsklike]] [[anatomy]] it diel fan it lichem dat de [[hals (lichemsdiel)|hals]] en itde [[boarstkast (lichemsdiel)|boarst]] ferbynt mei de [[boppe-earm]]. It wurdt opmakke troch trije [[bonke]]n: de [[skouderbonke]] ([[Nederlânsk]]: ''sleutelbeen'', [[Latyn]]: ''clavicula''), it [[skouderblêd]] (''scapula'') en de kop fan 'e [[boppe-earmbonke]] (''humerus''), mei dêropta ferskate [[spier]]en en [[sine]]n (''pezen''). It gearkommen fan 'e trije neamde bonken foarmet it [[skoudergewricht]] (''articulus humeri'' of ''articulus glenohumeralis''), al wurdt mei dy oantsjutting yn 'e regel inkeld ferwiisd nei it gearkommen fan 'e kop fan 'e boppe-earmbonke (''caput humeri'') mei it potsje dat fêstsit oan it skouderblêd (''cavitas glenoides'' of ''fossa glenoides'').
 
Dit [[gewricht]] hat de foarm en funksje fan in [[kûgelgewricht]], wat sizze wol dat de earm om trije ferskillende draai-assen beweegd wurde kin. Dy bewegingsmooglikheden wurde noch fergrutte troch de [[skoudergurdle]], dy't bestiet út 'e ferbining tusken it skouderblêd en de skouderbonke. De skoudergurdle rêst fia it gewricht tusken dy beide bonken (''sternum'') op it boarst (''thorax''). De grutte beweeglikheid fan it skoudergewricht wurket lykwols yn it neidiel fan 'e saneamde gewrichtsstabiliteit, en wat yn it medysk jargon "[[lúksaasje|skouderlúksaasjes]]" neamd wurde (it út it potsje of út it lid reitsjen fan it skouder) komt dan ek frij faak foar. De meast algemiene lúksaasje is dy nei foarren ta, om't it skoudergewricht oan 'e foarkant mar kwealk troch [[gewrichtsbân|gewrichtsbannen]] ûnderstipe wurdt. It wichtichste lichemsdiel dat derfoar soargje moat dat de kop en it potsje byinoar bliuwe, is by it skoudergewricht it saneamde "spier-sinemansjet", better bekend as de [[rotatorcuffspieren]].