Autoferhier: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Whizzgo-car.jpg|right|250px|thumb|In hierauto mei [[reklame]] foar it ferhierbedriuw op it portier.]]
'''Autoferhier''' is in [[bedriuw]]ssektor dy't him taleit op it [[hier (jild)|ferhieren]] fan [[auto's]] (saneamde '''hierauto's''') oan minsken dy't net de beskikking hawwe oer in eigen auto. Soks wurdt yn 'e regel foar koarte perioaden dien, dy't útinoar rinne kinne fan in pear [[oere]]n oant in pear [[wike]]n. Autoferhierbedriuwen hawwe faak in grut tal pleatslike fêstigings yn 'e neite fan [[lofthaven]]s of drokke [[stêd|stedsdielen]], sadat men eventueel in auto by in fêstiging yn ien stêd hiere kin en him by in fêstiging yn in oare stêd wer ynleverje kin. Gauris kin men yn 't foar ek in hierauto [[kompjûterreservearringssysteem|reservearje]] fia in [[webside]] op it [[ynternet]]. Om [[dieverij]] fan sokke [[fiertugen]] tsjin te gean, binne alle hierauto's tsjintwurdich tarist mei in [[global positioning system|GPS]]-folchsysteem.
 
De measte [[klant]]en fan autoferhierbedriuwen binne [[sakelju]] en oare [[reis|reizgers]], dy't tydlik ferlet hawwe fan in auto yn in plak dêr't se net wenje. In oare groep klanten betreft eigners fan auto's dy't skansearre ot [[total loss (skea)|total loss]] rekke binne by in [[ferkearsûngemak]], en dy't wachtsje op in reparaasje of op 'e útkearing fan 'e [[fersekering]] (hoewol't sokken, alteast yn [[Nederlân]], yn 'e regel fan harren eigen [[garaazje (bedriuw)|garaazje]] wol in auto te lien krije kinne). Wer in oare groep klanten wurdt foarme troch lju dy't har eigen [[ferhuzing]] bewurkmasterje, mar dêrfoar in [[bestelbuske]] of in [[frachtwein]] hiere wolle. Op beskate ferhiermerken wurde soms ek oarsoartige [[ferfiermiddel]]s te hier oanbean, lykas [[motorfyts]]en of [[scooter]]s.
 
De earste autoferhierbedriuwen ûntstiene yn 'e [[Feriene Steaten]] nei't mei de yntroduksje fan 'e [[T-Ford]] de persoane-auto foar it earst in massaferfiermiddel wurden wie. Yn [[1916]] begûn [[Joe Saunders]] yn [[Omaha (Nebraska)|Omaha]] mei it ferhieren fan auto's; syn bedriuw waard úteinlik yn [[1955]] oernommen troch [[Avis Rent a Car System|Avis]]. Yn [[Chicago]] wie [[Walter L. Jacobs]] fan [[1918]] ôf op dit mêd aktyf; syn bedriuw waard yn [[1923]] opkocht troch [[John D. Hertz]]. Yn [[Jeropa]] wie de [[Dútslân|Dútser]] [[Martin Sixt]] yn [[1912]] ien fan 'e earste pioniers op it mêd fan 'e autoferhier.