Ferdrinking: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
'''Ferdrinking''' is [[ferstikking]] dy't feroarsake wurdt trochdat men jin yn of ûnder in [[floeistof]] (yn 'e regel [[wetter]]) befynt en dêr net wei komme kin. Om't men net [[sykhelje]] kin, ûntstiet dan in [[soerstof]]gebrek dat [[dea]]dlik wêze kin. Immen dy't ferdrinkt, wurdt in '''drinkeling''' neamd. Ferdrinkingsferskynsels kin men oerlibje as men op 'e tiid boppe wetter wit te kommen of as der op 'e tiid help komt. It stjerren oan ferdrinking wurdt de '''drinkeldea''' neamd. Dat proses is op himsels fluch en stil, hoewol't it foarôfgien wurdt troch [[panyk]] as it slachtoffer by [[bewustwêzen]] is. Lju dy't ferdrinking oerlibje, kinne der libbenslang [[sûnens]]swierrichheden oan oerhâlde, benammen as de [[harsens]] langere tiid te min soerstof krigen hawwe.
 
Oer it algemien kringt yn 'e iere stadia fan ferdrinking mar in bytsje wetter de [[long]]en binnen, mei't de [[luchtpiip]] troch in [[autonoom senuwstelsel|automatyske]] gearlûking fan [[spier]]en deromhinne alhiel ôfsletten wurdt sadree't der wetter yn begjint te rinnen. Dat betsjut lykwols ek dat der gjin [[lucht]] mear út 'e longen komme kin, mei as gefolch dat immen dy't ferdrinkt net om help roppe kin, sels net al hat hy of sy dêr noch genôch lucht foar. De saneamde [[ynstinktive ferdrinkingsreäksje]] foarmet de lêste rige fan [[autonoom senuwstelsel|autonome reäksjes]] yn 'e tweintich oant sechstich [[sekonde]]n foar't de drinkeling foargoed ûnder wetter sakket, en foar in [[leek]]bûtensteander sjocht dat der krektlyk út as kalm [[hâlden en dragen]]. [[Strânwacht]]en en oar [[rêdingspersoneel]] binne lykwols oefene om sok gedrach werom te kennen.
[[File:Drowning_world_map-Deaths_per_million_persons-WHO2012.svg|left|thumb|320px|Tal gefallen fan ferdrinking per miljoen ynwenners yn [[2012]]. <br>
{{Kolommen2
Rigel 11:
}}]]
 
Oarsaken fan ferdrinking kinne wêze: ûnfermogen om te [[swimmen]]; [[dronkenskip]] of [[drugs]]gebrûk; [[wurgens]]; [[spierkramp|swimmerskramp]]; [[ûnderkuolling]]; [[ferwûning]]s oprûn ûnder it swimmen (bgl. fan 'e [[tentakel]]s fan 'e [[kubuskwal]] of it [[Portegeesk oarlochsskip]]); [[dekompresjesykte]] (wêrby't [[djipseedûken|djipseedûkers]] te fluch út 'e djipte omheech komme en it ferskil yn druk [[lucht]]beltsjes yn it [[bloed]] feroarsaket); meisleept wurden troch [[tij]]streamings; [[ûngemak (aksidint)|ûngelok]]ken (troch it [[iis]] sakje en derûnder glydzje, mei de [[auto]] te wetter reitsje, in dûkersûngemak); [[skipbrek]]; of [[oerstreaming]]s. Ferdrinking kin ek in metoade wêze foar [[moard]] of [[selsmoard]]. Foarhinne waard ferdrinking ek wol as foarm fan [[eksekúsje]] brûkt by it útfieren fan 'e [[deastraf]]. Teffens wurdt it simulearjen fan ferdrinkingsferskynsels ([[waterboarding]]) wol brûkt as foarm fan [[marteling]].
 
Yn [[2013]] wiene der wrâldwiid likernôch 1,7&nbsp;miljoen gefallen fan ferdrinking, wêrfan 368.000 mei [[dea]]dlike ôfrin. Ferdrinking by fersin (dus gefallen fan moard en selsmoard bûten beskôging litten) is dêrmei de op twa nei meast foarkommende ûnbedoelde deadsoarsaak dy't fuortkomt út ûngemakken. Hoewol't it foarkommen fan ferdrinking wrâldwiid fansels sterk útinoar rint, ôfhinklik fan 'e beskikberheid fan djippernôch wetter, it [[klimaat]] en de pleatslike [[swimmen|swimkultuer]], komme de measte deadlike gefallen fan ferdrinking foar yn [[ûntwikkelingslân|ûntwikkelingslannen]]. Ek komt it mear foar by minsken fan it [[manlik geslacht]] (om't dy har omreden fan wurk faker op of yn wetter bejouwe) en by [[bern (persoan)|bern]] (dy't noch net swimme kinne en fanwegen harren behindiger [[minsklik lichem|lichem]]sgrutte makliker ûnder fuotten reitsje en meisleept wurde troch de streaming).
 
==Sekundêre ferdrinking==