Hoarn (lichemsdiel): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
In '''hoarn''' is in permanint of semy-permanint puntich útgroeisel boppe-op 'e [[kop]] fan in ferskaat oan [[bist]]e[[soarte]]n, dat bestiet út in deklaach fan [[keratine]] en oare [[proteïne]]n dy't in kearn fan [[libben]]e [[bonke]] omjouwe. Yn 'e regel hawwe hoarndragende bisten twa hoarnen, dy't yn 'e breedterjochting fan 'e kop njonkeninoar efter de [[ear (lichemsdiel)|earen]] pleatst binne. It komt lykwols ek foar dat bisten twa of mear pear hoarnen hawwe, te witten by in pear yn it wyld libjende soarten en (benammen) by in stikmannich [[domestikaasje|domestisearre]] [[skiep]]perassen, wêrûnder it [[Hebridysk skiep]], de [[Yslanner (skiepperas)|Yslanner]], de [[Mankske loaghtan]] en de [[Navaho-Churro (skiepperas)|Navaho-Churro]].
 
Meastentiids wurdt der ûnderskie makke tusken permaninte hoarnen en [[gewei]]en. Permaninte hoarnen wurdt in bist net mei berne, mar begjinne op in stuit te groeien yn 'e ûntwikkeling fan in jong bist ta [[folwoeksenens]]. Yn prinsipe bliuwe se dêrnei oant it bist [[dea]]giet, al is it fansels mooglik dat in bist troch in [[ûngemak]] of in [[ferwûning]] by in gefjocht ien hoarn kwytrekket of sels, yn tige útsûnderlike gefallen, beide. In [[gewei]], oan 'e oare kant, is in semy-permaninte foarm fan in pear hoarnen, dy't [[jier]]liks oangroeit en nei ferrin fan tiid wer ôffalt. Mei't de groei fan geweien te krijen hat mei de [[djoeitiid]], as [[mantsje]]s duëllearje om it rjocht om mei [[wyfke]]s te [[pearjen]], krije by de measte soarten dy't se hawwe inkeld de mantsjes geweien.
[[File:Serengeti Bueffel2.jpg|left|thumb|280px|In pear [[Kaapske buffel]]s mei kromme hoarnen.]]
 
Permaninte hoarnen of wiere hoarnen komme benammen foar by de [[wjerkôgers|wjerkôgjende]] [[evenhoevige]] [[sûchdieren]], yn 't bysûnder by de [[famylje (taksonomy)|taksonomyske famyljes]] fan 'e [[gaffelantilopen]] (''Antilocapridae'') en de [[holhoarnigen]] (''Bovidae''), dy't de [[kobisten]], [[skiep en geiten]], [[gimseftigen]], [[stienbokken]] en [[antilopen]] omfiemje. Geweien komme allinnich foar by in oare subgroep fan 'e [[evenhoevigen]], de [[harteftigen]] (''Cervidae''). De term 'hoarnen' wurdt ek brûkt foar oare bonkige útgroeisels op 'e kop fan bisten, lykas de [[ossikoan]]en fan [[sjiraffe]]n, de [[noashoarn (lichemsdiel)|hoarnen]] op 'e [[snút]] fan [[noashoarnen]], de 'hoarnen' fan guon [[kameleöns]] en de ta 'hoarnen' útgroeide [[mandibel (lidpoatigen)|mandibels]] fan [[ynsekten]] lykas it [[fleanend hart]] (''Lucanus cervus'').
 
Wiere hoarnen hawwe yn 'e regel in kromme of spiraalfoarm, faak mei groeven yn 'e breedte- of de lingterjochting. Om't permaninte hoarnen, krektlyk as geweien, yn it foarste plak bedoeld binne foar gefjochten tusken mantsjes yn 'e peartiid, komme se by in protte soarten allinnich by eksimplaren fan it [[manlik geslacht]] foar. Hoarnen begjinne koart nei de [[berte]] te groeien en geane dêrmei troch oant it bist deagiet. Soms krôlje se om en groeie op in [[pine|pynlike]] wize tsjin 'e [[plasse (lichemsdiel)|plasse]] fan it bist oan, wat yn guon gefallen sels de dea ta gefolch hawwe kin. Allinnich by gaffelantilopen wurde wiere hoarnen jierliks ôfwurpen, al bliuwt ek dêr de bonkige kearn beholden. By domestisearre bisten, fral by [[kij]], is it foar [[feehâlder]]s wenst wurden om 'e jongen te [[ûnthoarnjen]], wêrby't de begjinnende hoarn fuortbaarnd wurdt. Soks foarkomt dat kij inoar ferwûnje kinne en is ek minder gefaarlik foar de feehâlder sels, dy't earder, meastal by fersin, noch wolris in pynlike terwinkel mei in hoarn krige (ornaris resultearjend yn in [[blau plak]], mar soms, as it [[each]] rekke waard, yn in earnstige ferwûning).
 
{{boarnen|boarnefernijing=