Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 38:
[[Ofbyld:The Baptism of Christ (Verrocchio & Leonardo).jpg|200px|thumb|De Doop fan Jezus troch [[Andrea del Verrocchio]] en [[Leonardo da Vinci]] om [[1475]] hinne]]
It iepenbiere wurk fan Jezus begjint, neffens alle fjouwer evangeeljes, by [[Jehannes de Doper]]. Dy hie in soad folgelingen by de [[Jordaan (rivier)|Jordaan]] en ropte de minsken op ta bekrûping fan harren sûnden en ta it bekearen foar it lêste oardiel en it tichterby kommen fan de ein fan de tiden. Guon fan de folgelingen fan Jehannes de Doper waarden letter [[dissipels (Kristendom)|dissipels]] fan Jezus. Ek liet Jezus himsels troch Jehannes dope, dêr't er de [[Hillige Geast]] fan God ûntfangt yn de stal fan in do, dy't Jehannes op him delkommen seach.<br/>
Nei't Jezus doopt wie, late God him ta de woastyn dêr't er fjirtich dagen en fjirtich nachten fêste hie. De [[deale]] ferskynde foar him en besocht him trije kear yn fersiking te heljen (Mattéus 4:1-2). Dat wie om 'e nocht, want Jezus ferwiisde nei deit boek [[Deuteronomium]]. Doe ferdwûn de deale en kamen ingels him fiedsel bringen.
 
=== Wurk fan Jezus ===
Doe't Jehannes de Doper troch kening [[Herodus Antipas]] (soan fan Herodus de Grutte) finzennaam en ûnthalze waard, naam Jezus syn wurk oer. Ynstee fan oer it oardiel, dat Jehannes preke, preke Jezus oer de genede fan God. De evangeeljes fertelle dat er troch gâns [[Palestina]] reizge. Hy sette dêrmei út ein yn Galilea en preke yn ferskate [[synagoge]]n en ek op in soad plakken bûtendoar. Hy gie om mei smeulske minsken, lykas [[prostituee]]s en tolgarders. Hy die in soad wûnders sa as bygelyks: it genêzen fan minsken fan sykten, ferdreau kweageasten, liet minsken út de dea wei wer libje, rûn oer it wetter hinne, bêde in stoarm del, feroare wetter ta wyn en joech fiiftûsen taskôgers iten mei fiif bôlen en twa fisken. Ek ferjage er jildwikselders en keaplju fan it timpelplein. Hy redendielde gauris mei Joadske gelearden. Ek socht er gauris in plak op dêr't er allinne ta syn Heit, God, bidde koe.<br/>
Hy reizge lykwols net allinne, mar keas tolve manlju dy't syn [[dissipels (Kristendom)|dissipels]] (learlingen) en skielk, nei syn dea (en opstean), [[apostel]]s (boadskippers) neamd waarden. De measten fan harren wiene fiskers út Galilea. Trije fan harren, [[Petrus (apostel)|Petrus]], [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] en [[Jakobus (apostel)|Jakobus]] stiene tichter by Jezus as de oaren. Ta oanwizing dêrfan wie it feit dat hja de iennige tsjûgen wiene fan inkelde bysûndere foarfallen. Bygelyks by de [[Ferhearliking op 'e Berch]], dêr't Jezus syn wêzen en klean feroaren en [[MoazesMozes (profeet)|Mozes]] en [[Elía]] oan harren ferskinen en in stim út in himelske glâns harren opropte nei Jezus te harkjen: ''Dit is Myn Soan, Him haw Ik útkeazen, harkje nei Him''. Njonken de tolve disipels folgen der in grut tal oare manlju en froulje Jezus op syn paad troch it lân. De dissipel [[Judas Iskariot]] bleau him lykwols net trou.
 
=== Arrestaasje ===
Rigel 78:
 
== Iere Kristendom ==
{{Apart|Skiednis fan it kristendom}}
Nei it libben fan Jezus wiene de [[apostel]]s, sa't se beskreaun steane yn it boek [[Hannelingen fan de Apostels]], allegear [[Joaden]] troch berte of bekearing, en wurde troch skiedkundigen ferwiisd as Joadske kristenen. It [[evangeelje]] waard ynearsten mûnling ferspraat, nei alle gedachten yn it [[Arameesk]], mar ek al rillegau yn it [[Gryksk]]. De boeken Hannelingen fan de Apostels en de [[Brief oan de Galaten]] yn it [[Nije Testamint]] neame dat de earste kristlike mienskip fêstige wie om [[Jeruzalim]] hinne en de lieders wiene ûnder oaren [[Petrus (apostel)|Petrus]], [[Jakobus de Rjochtfeardige]] en [[Jehannes (apostel)|Jehannes]].
 
Line 85 ⟶ 86:
 
Iere kristenen skreaune in soad, sa as bygelyks de [[kanonike evangeeljes]]. Dy evangeeljes waarden de wichtichste boarnen foar skiedkundigen en ûndersykje de histoaryske Jezus en hillige skriften fan it kristendom, dy't nei alle gedachten skreaun waarden tusken [[50]] en [[120]] nei Kristus.
 
== Nammen en titels fan Jezus ==
=== Nammen ===
* Jezus komt fan it [[Hebriuwsk]]e ''ישוע'' (''Jesjoea''), dat betsjut "JHWH is rêding" of "JHWH rêdt". Yn it [[Latyn]] ''Iesus'' en yn it [[Gryksk]] ''Ιησους'' (''Jèsoes'').
* Yn it berteferhaal komt foar dat Jezus ''Immanuel'' (Hebriuwsk foar "God mei ús") neamd wurde soe (Mattéus 1:23).
 
=== Titels ===
* Jezus neamt himsels it meast ''[[Minskesoan]]'', mar dan almeast yn de tredde persoan.
* ''[[Messias]]'' is in Latynske en Grykske ferbastering fan it Hebriuwske ''משיח'' (''masjiach''), dat "salvling" betsjut. It salvjen fûn yn it [[Alde Testamint]] plak by it ynwijen fan preesters, profeten en keningen. Yn de [[evangeelje]]s komt de fraach gauris foar oft Jezus de Messias is, mar wurdt de fraach komselden dúdlik beändere.
* ''Kristus'' komt troch it Latyn fan it Grykske ''Χριστός'' (''Christos''), dat de oersetting fan ''Messias'' (salvling) is. Dat is de titel dy't it measte brûkt wurdt yn de [[Brieven yn it Nije Testamint]]
* Sa no en dan wurdt Jezus de ''Soan fan God'' neamd.
* Yn de [[prolooch]] fan it [[Evangeelje fan Jehannes]] wurdt Jezus foarsteld as ''Logos'', it Wurd, dêr't tagelyk de skeppingskrêft fan God mei bedoeld wurdt: "Yn it begjin wie it Wurd der; it Wurd wie by God.(...)En it Wurd is minske wurden en Hy hat by ús wenne".
* Troch [[Jehannes de Doper]] wurdt Jezus it ''Laam fan God'' neamd. Mei de titel "Laam fan God" wurdt ferwiisd nei it Pesach-laam.
* It Alde Testamint, benammen it boek [[Jesaja (bibelboek)|Jesaja]], befettet ferskate teksten dêr't kristenen fan tinke dat se nei Jezus ferwize. Dêryn wurdt er "tsjinner fan de HEAR" neamd. Ek wurde der yn it Alde Testamint de berte, it berteplak ([[Betlehem]]), en komôf (stamme fan [[Juda (stamme)|Juda]], laach fan [[David fan Israel|David]]) fan de Messias foarsein.
 
== It uterlik fan Jezus ==
[[Ofbyld:CompositeJesus.JPG|thumb|Ferskiljende ôfbylden fan Jezus neffens kulturele ynstelling]]
[[Ofbyld:Shroud of Turin 001.jpg|thumb|It [[Lykklaad fan Turyn]]]]
Yn it Nije Testamint wurdt kwealk oer it uterlik fan Jezus sprutsen, allinnich dat er opwoeks ta in krêftige jongfeint. Under de [[Joaden]] is it ferbean en meitsje ôfbylden en sadwaande binne der ûnder de iere kristenen, dy't doe faak noch bekearde Joaden wiene, gjin ôfbylden oerlevere. Yn de ierkristlike keunst, sa as bygelyks yn de [[katakombe]]n en ierromeinske tsjerken, wurdt er gauris ôfbylde as de goede hoeder mei in glêdskeard gesicht, as [[Apollo (god)|Apollo]], in strielende jongfeint mei in wyt klaad. Dat wie lykwols ornaris net de gewoant ûnder Joadske manlju dy't om de [[earste iuw]] hinne libben.
 
Fan likernôch de [[sechde iuw]] ôf komt der in soarte fan standert yn it ôfbyldzjen fan Jezus, en ferskynt de Jezus dy't hjoed-de-dei noch almeast brûkt wurdt: in Jeropeesk sjoch man mei in fol burd en snor mei heallang hier. Neffens hjoeddeistich ynsjoch fan [[skiedkundige]]n hiene Joadske manlju yn de earste iuw yndie harren burd en hier op dy manier, mar syn hûdskleur moat sa as dy fan de folken yn it [[Midden-Easten]] west hawwe. Foar dejingen dy't it [[Lykklaad fan Turyn]] as autentyk beskôgje, lit de dêrop oanwêzich ôfbyld fan Jezus sjen dat er reedlik lang wie foar dy tiid (180-190 sm) en krêftich fan stal wie. It gesicht liket in soad op it tradisjonele ôfbyld fan Jezus, mar oft Jezus der yn werklikheid sa útsjoen hawwe soe, is net nei te gean.
 
Der waard yn 2010 yn de opdracht fan de [[History Channel]] besocht en rekonstruearje it uterlik fan Jezus, dêr't de lêste [[software]]techniken by brûkt waarden. It ôfbyld op it Lykklad fan Turyn waard as boarne brûkt.