Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 103:
== It uterlik fan Jezus ==
[[Ofbyld:CompositeJesus.JPG|thumb|Ferskiljende ôfbylden fan Jezus neffens kulturele ynstelling]]
[[Ofbyld:Shroud of Turin 001.jpg|thumb|left|It [[Lykklaad fan Turyn]]]]
Yn it Nije Testamint wurdt kwealk oer it uterlik fan Jezus sprutsen, allinnich dat er opwoeks ta in krêftige jongfeint. Under de [[Joaden]] is it ferbean en meitsje ôfbylden en sadwaande binne der ûnder de iere kristenen, dy't doe faak noch bekearde Joaden wiene, gjin ôfbylden oerlevere. Yn de ierkristlike keunst, sa as bygelyks yn de [[katakombe]]n en ierromeinske tsjerken, wurdt er gauris ôfbylde as de goede hoeder mei in glêdskeard gesicht, as [[Apollo (god)|Apollo]], in strielende jongfeint mei in wyt klaad. Dat wie lykwols ornaris net de gewoant ûnder Joadske manlju dy't om de [[earste iuw]] hinne libben.
 
Rigel 110:
Der waard yn 2010 yn de opdracht fan de [[History Channel]] besocht en rekonstruearje it uterlik fan Jezus, dêr't de lêste [[software]]techniken by brûkt waarden. It ôfbyld op it Lykklad fan Turyn waard as boarne brûkt.
 
== Jezus yn oare leauwen ==
=== Joadendom ===
Yn it [[joadendom]] is de perfoarste ienheid fan God it útgongspunt ([[Deuteronomium]] 6:4), en it oanbidden fan in persoan wurdt as in foarm fan ôfgoaderij sjoen. Dêrom fersmyt it joadendom it idee fan Jezus, lykas in oare Joadske Messias, as God of as part fan de [[Trije-ienheid]]. Neffens it joadendom is Jezus de Messias net, om't er net alle Messiaanske profesyen fan de Hebriuwske Bibel ferfolle hawwe soe, sa as it bouwen fan de Tredde Tempel, lied alle Joaden werom nei Israel, bring frede yn de wrâld en ferienigje de minskheid ûnder de God fan Israel ([[Sacharja (bibelboek)|Sacharja]] 14:9). Fierders wiene der, neffens Joadske tradysje, gjin profeten mear nei [[Maleächy]], dy't yn de [[Fyfde iuw f.Kr.|fyfde iuw foar Kristus]] libbe.
 
=== Islaam ===
[[Ofbyld:Jesus Name in Arabic.gif|thumb|De namme ''Jezus soan fan Marije'' yn Islamityske kaligrafy, folge troch ''Frede mei him'']]
{{Apart|Jezus yn de islaam}}
Yn de [[islaam]] wurdt Jezus (of Isa; [[Arabysk]]: ''عيسى‎ ʿĪsā'') sjoen as in boadskipper en ''Masih'' (messias) fan God en waard stjoerd om de Israeliten in nij [[evangeelje]] te ferkundigjen. It leauwen yn Jezus, en alle oare boadskippers fan God, is ferplichte yn de islaam om in [[moslim]] wêze te kinnen. Moslims beskôgje Jezus lykwols net as de Soan fan God, om't hja leauwe dat der net ien oan God gelyk is, mar as in [[profeet]]. Yn de [[koraan]] stiet dat Jezus berne waard út de [[faam Marije]] en moslims leauwe ek dat Jezus de wûnders, dy't beskreaun steane yn de fjouwer evangeeljes, die mei tastimming fan God. Se leauwe lykwols net dat er krusige waard, mar wol dat er yn 'e himel opnaam waard. Moslims leauwe dat Jezus wer weromkomme sil op ierde yn de snuorje fan de [[eintiid]] en ferslach de [[Antykrist]] (''ad-Dajjal'') troch him te deadzjen.
 
=== Bahaïsme ===
Neffens it [[bahaïsme]] is der mar ien trochrinnende religy en wurdt der om likernôch de tûzen jier in boadskipper troch God nei ierde stjoerd en fernij it [[Keninkryk fan God]] en fergrutsje it ferbûn tusken God en de minske. Dat wurdt sjoen as de [[Manifestaasje fan God]]. Jezus wurdt as ien fan de boadskippers sjoen. Bahaïsten leauwe in soad, mar net alle foarfallen yn de [[kanonike evangeeljes]]. Hja leauwe yn de berte út de faam [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]] en it [[Krusiging fan Jezus|krusigjen fan Jezus]], mar sjogge de [[Opstanning fan Jezus|Opstanning]] en de wûnders suver as symboalysk. Bahaïsten leauwe dat harren stifter, [[Baha'u'llah]], it foarseine [[weromkommen fan Jezus]] op ierde is.
 
== Sjoch ek ==
* [[Jezus (histoarysk)]]
* [[Jezus yn de islaam]]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Jesus ''References'' en ''Notes'', op dizze side].
----
{{commonscat|Jesus}}
}}