Jezus (tradisjoneel-kristlik): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
dien
Rigel 57:
[[Ofbyld:Christ Carrying the Cross 1580.jpg|thumb|right|Jezus draacht syn krús. [[El Greco]]]]
It fûnis waard sletten op de heuvel [[Golgota]], krekt bûten Jeruzalim. Tagelyk mei Jezus waarden der ek twa oare feroardielden krusige. Boppe syn holle waard in buordsje befêstige mei de tekst: ''Iesus Nazarenus Rex Iudaeorum'' (Jezus fan Nazaret, kening fan de Joaden). Op in soad skilderstikken stiet ''INRI'' oanjûn.<br/>
Syn ferstjerren duorre seis oere lang, fan moarns om njoggen oere oant middeis om trije oere (yn dy tiid hiet dat it tredde oant it njoggende oere fan de dei). Jezus utere yn dy seis oeren ferskate ''[[krúswurden]]''. Om tolve oere middeis hinne waard it oer it gânse lân tsjuster. Nei't Jezus him utere ''It is dien'', sykhelle er foar de lêste kear en doe ferstoar er. Neffens it [[Evangeelje fan Mattéus]] fûn der dêrnei in [[ierdskodding]] plak.<br/>
Neffens Joadske wet mochten liken nachts en op Sabbat net hingjen bliuwe. Op fersyk fan de Joaden waard de dea fan de oare twa feroardielden ferhastige troch harren fuotten te brekken, sa't se dêr net mear op stypje koene. Dat barde net by Jezus, om't dy al ferstoarn wie.