Gouden Keal (priis): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 19:
 
==Namme==
De namme fan 'e priis is foar in part ôflaat fan oare wichtige [[Jeropa|Jeropeeske]] filmprizen, lykas de [[Gouden Bear]] fan it [[Filmfestival fan Berlyn]] en de [[Gouden Liuw]] fan it [[Filmfestival fan Feneesje]]. Mei't [[ko|kij]] guon fan 'e meast foarkommende bisten yn [[Nederlân]] binne, keas it Nederlânsk Filmfestival sadwaande foar in Gouden Keal. Dêrby is in keal in net bot ymposant bist, dat sadwaande wol past by it lytse Nederlân, en teffens soe it (neffens [[Martin Koolhoven]], dy't yn [[2002]] yn 'e sjuery siet) in knypeach wêze nei it [[bibel]]ske ferhaal oer it [[gouden keal (Bibel)|gouden keal]] út ''[[Exodus (bibelboek)|Exodus]]'' 32, dat de dôfhûdige [[Israeliten]] foar [[God]] yn it plak makken doe't harren foaroanman [[Mozes (profeet)|Mozes]] op 'e berch [[Sinaï (berch)|Sinaï]] wie om 'ede [[Tsien Geboaden]] te ûntfangen. (Yn tsjerklike fermiddens kin men dizze "knypeach" trouwens dúdlik net wurdearje, en leit it Gouden Keal op in tige minne namme.)
 
==Kategoryen==