Demografy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
'''Demografy''', fan it [[Aldgryksk]]e δῆμος, ''dēmos'' ("folk") en -γράφω, ''-graphō'' ("skriuwen"), dus eins 'folksbeskriuwing', of ek wol '''befolkingslear''', is de [[statistyk|statistyske stúdzje]] fan [[befolking]]en en [[befolking]]sgroepen, wêrby't it yn 'e regel om [[minske]]n giet, hoewol't it yn prinsipe ek tapast wurde kin op [[dier]]like, [[plant]]aardige of lykfol hokker oare [[populaasje]] fan [[libben]]e [[organisme]]n. Dizze [[tûke]] fan 'e [[wittenskip]] kin ûnderbrocht wurde by de [[sosjology]], hoewol't der beslist ek reitsflakken binne mei de [[antropology]] en de [[wiskunde]]. Immen dy't oan demografy docht, is in [[demograaf]].
 
By de stúdzje fan demografy wurdt benammen ûndersyk dien nei de [[befolkingsgrutte|grutte]], [[befolkingsgroei|groei]], [[befolkingsstruktuer|struktuer]] en [[ferspriedingsgebiet|fersprieding]] fan befolkingen, en [[geografy]]ske of [[tiid]]relatearre feroarings yn befolkingen dy't feroarsake wurde troch [[berte]], [[minsklike migraasje|migraasje]], [[ferâldering]] en [[ferstjerren]]. Troch op it mêd fan sokke saken nei ûntwikkelings út it [[ferline]] te sjen, kin de [[takomst]] mei ridlike wissichheid foarsein wurde. Sa kinne demografen bygelyks de minsklike befolkingsgrutte fan in beskaat [[lân]] of fan 'e hiele [[wrâld]] yn it [[jier]] [[2100]] foarsizze troch dernei te sjen hoe grut oft dy no is en de befolkingsûntwikkeling fan 'e lêste [[iuw]] of mear te bestudearjen.
 
Sa'n [[demografyske analyze]] kin tapast wurde op in hiele [[maatskippij]], mar ek op ûnderskate befolkingsgroepen dy't definiëarre wurde troch [[kritearium|kritearia]] lykas [[nasjonaliteit]], [[etnisiteit]], [[kultuer]], [[godstsjinst]], [[âlderdom]], [[geslacht (sekse)|geslacht]], [[maatskiplike klasse]], [[ekonomy|ekonomyske status]], [[ûnderwiis]], ensfh., of troch in kombinaasje fan sokke kritearia. Dêrby beheint de '''formele demografy''' him ta de stúdzje fan it mjitten fan 'e befolkingsprosessen, wylst it bredere wittenskiplike fjild fan 'e '''sosjale demografy''' ek de ûnderlinge ferhâldings tusken [[ekonomy]]ske, [[maatskippij|maatskiplike]], [[kultuer|kulturele]] en [[biology]]ske prosessen analysearret dy't ynfloed útoefenje op in befolking.