Ferkrêfting: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 17:
 
==Gefolgen==
De gefolgen fan ferkrêfting ferskille per gefal. Guon lokkige yndividuën kinne de ûnderfining fan harren ôfskodzje en der nea wer lêst fan hawwe. Mar oer it algemien krije ferkrêftingsslachtoffers in flinke knoei mei en hawwe se in lange wei te gean om neitiid wer in normaal libben liede te kinnen. Hja kinne in psychysk [[trauma (psychysk letsel)|trauma]] oprinne: dan fiele se harren dôf en op in distânsje ta de wrâld; kinne se de details fan 'e ferkrêfting net mear goed foar de geast krije of belibje se de ferkrêfting krekt allegeduerigen op 'e nij yn gedachten, oantinzen en nachtmerjes; geane se dingen, plakken, gedachten en/of gefoelens út 'e wei dy't harren de ferkrêfting of de dieder(s) wer tebinnenbringe; fertoane se eangstgefoelens of in oanboazjende opmerksumens, dy't in brekme oan sliep en konsintraasjefermogen fan gefolgen hat; of begjinne se it plak dêr't de ferkrêfting plakfûn hat of harren folsleine sosjale libben te mijen. Foar likernôch in trêdepart fan 'e slachtoffers hâlde dizze symptomen oan nei de earste pear moannen, en yn dy gefallen kin sadwaande sprutsen wurde fan in [[posttraumatysk stress-syndroom]].
 
Fierders is it ek mooglik dat slachtoffers nea of pas nei lange tiid wer fan [[geslachtsferkear|seks]] genietsje kinne. Boppedat binne der gauris lichaamlike gefolgen fan in ferkrêfting; sa hawwe slachtoffers faak ferwûnings oprûn, [[seksueel oerdraachbere sykten|seksueel oerdraachbere sykten of ynfeksjes]] skipe (bgl. [[HIV]]), of binne se der swier fan rekke.