Jezus (histoarysk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 10:
 
Ek binne deskundigen it der net oer iens hoe't se Jezus omskriuwe moatte. Sokke omskriuwings binne ûnder oaren oft er in profeet, [[garisma]]tyske genêzer, [[synisme (filosofy)|synyske]] [[filosoof]], Joadske [[Messias]] of [[rabby]].
 
== It sykjen nei de histoaryske Jezus ==
Der wurdt besocht om troch in wittenskiplike metoade de skiednis fan Jezus fan Nazaret, histoarysk-kritysk sjoen, op te bouwen. Dy metoade bestiet benammen út krityske analyse fan de boarnen. Ek wurdt de kulturele en histoaryske eftergrûn fan Jezus op it aljemint brocht om bewiisgrûn te jaan fan de relaasje tusken de oerlevere boarnen en dat der yn it libben fan Jezus bard is.
 
== Boarnen ==
Der binne gjin boarnen bekend út de jierren dêr't Jezus yn libbe dy't him neame. De ierste boarnen oer syn wurk, preekjen, lijen en dea binne te finen yn de skriften fan it [[Nije Testamint]].
 
Yn de histoarysk-krityske metoade wurdt der gjin ûnderskaat makke tusken de kanonike evangeeljes en de oare skriften. Nei eltse boarne wurdt op eigen wearde op deselde manier kritysk besjoen troch ferskate metoaden sa as bygelyks de krityk op de boarnen, de tekst, de redaksje (analyse fan de teologyske ideeën dy't de skriuwers oerbringe litte woene) en de foarm (rekonstruksje fan mûnlinge oerlevering).
 
=== Bibelske boarnen ===
Bûten de fjouwer evangeeljes is der yn it Nije Testamint mar in bytsje te finen oer it libben fan Jezus. De [[Brieven fan Paulus]] en it [[Evangeelje fan Markus]] binne de twa ierste boarnen dêr't mei wissichheid fan sein wurde kinne dat dy literêr ûnôfhinklik faninoar binne. Dêrby kin as tredde boarne ek de tinkbyldige [[boarne Q]] rekkene wurde. It [[Evangeelje fan Jehannes]] en de eigen matearje fan de [[Evangeelje fan Mattéus|Evangeeljes fan Mattéus]] en [[Evangeelje fan Lukas|Lukas]] ferwize nei ûnôfhinklike oerleverings, lykas, mar wol minder, [[Brief oan de Hebreeërs|Hebreeërs]], [[Hannelingen fan de Apostels|Hannelingen]], [[Brief fan Jakobus|Jakobus]] en [[Iepenbiering fan Jehannes|Iepenbiering]]. Dy boarnekrityk is wichtich om't it mooglik wurdt iere gegevens werom te heljen. Om't bygelyks Paulus, Markus en Q in ferbod op it skieden oan Jezus taskriuwe, moat dat al in âld oantinken west hawwe.
 
==== Paulus ====
De sân [[Brieven fan Paulus]], dy't skreaun waarden om 50-62 n.Kr. hinne, binne âlder as de evangeeljes en befetsje oerlevere ynformaasje oer Jezus. Paulus hat se krigen troch syn kontakten yn de ierkristlike mienskippen. Paulus neamt syn moetings mei Kefas ([[Petrus (apostel)|Petrus]], in foaroansteande learling fan Jezus), [[Jehannes (apostel)|Jehannes]] en [[Jakobus de Rjochtfeardige|Jakobus]], de broer fan Jezus. De brieven fan Paulus binne dêrom in wichtige boarne yn it ûndersyk nei de histoaryske Jezus en befetsje ek ferskate histoaryske gegevens dy't om 'e nocht binne, sa as bygelyks dat Jezus in Joad wie, bruorren hie en krusige waard.
 
==== Evangeeljes ====
Letter ûntstiene de fjouwer [[kanonike evangeeljes]] (Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes) dy't de measte ynformaasje fan it libben fan Jezus befetsje. Ut de boarnekrityk blykt dat Markus it âldste evangeelje (om [[70]] n.Kr. hinne) is. De skriuwers fan de Evangeeljes fan Mattéus en Lukas hawwe gebrûk fan dat evangeelje makke. Sa as bygelyks de útspraken fan Jezus komme oerien yn dy evangeeljes. Nei alle gedachten wiene dat [[perikoop|perikopen]], of in samling dêrfan, dy't bekend stiet as de tinkbyldige boarne Q. Ek befetsje de Evangeeljes fan Mattéus en Lukas eigen unike matearje, dêr't mooglik ek âldere oerleverings it grûnwurk fan foarmje. It [[Evangeelje fan Jehannes]], dat mear it skaaimerk fan in [[teology]]sk skrift hie as de oare trije, waard om 90-110 n.Kr. hinne skreaun. Der binne ferskillen fan miening oft dat evangeelje literêr ôfhinklik fan de oare evangeeljes is en hoefier't it ûnôfhinklik is. Wis is dat der ferskillen binne mei de [[synoptyske evangeeljes]]. De skriuwer neamt as boarne it skreaune ferslach fan de "learling dy't Jezus leaf hie".
 
==== Apokriven fan it Nije Testamint ====
De 68 bekende [[Apokryf|apokrive]] evangeeljes binne net folle wurdich foar de histoaryske Jezus. De measten fan dy skriften binne ferlern gien, mar fan wat der oerbleaun is, wurdt al gau dúdlik dat fantasije it grûnwurk fan dy evangeeljes is, benammen de bernejierren fan Jezus. De bewarre bleaune skriften komme allegear fan letter as de kanonike evangeeljes. Guon dêrfan hawwe grutte ynfloed hân op de folkske oerleverings. Sa komme bygelyks de bertegrot fan [[Betlehem]], dêr't boppe-op de hjoeddeistige [[Bertetsjerke]] boud waard, en de nammen fan de âlden fan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]], Joachim en Anna, út it [[twadde iuw]]ske apokrive [[Evangeelje fan Jakobus]]. De [[okse]] en de [[ezel]] yn de stâl komme fan it [[fyfde iuw]]ske [[Evangeelje fan Pseudo-Mattéus]], dy't troch de skriuwer sels it "It Boek oer it Komôf fan 'e Silge Marije en de Bernetiid fan de Ferlosser" neamd waard.