Jezus (histoarysk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 27:
==== Evangeeljes ====
Letter ûntstiene de fjouwer [[kanonike evangeeljes]] (Mattéus, Markus, Lukas en Jehannes) dy't de measte ynformaasje fan it libben fan Jezus befetsje. Ut de boarnekrityk blykt dat Markus it âldste evangeelje (om [[70]] n.Kr. hinne) is. De skriuwers fan de Evangeeljes fan Mattéus en Lukas hawwe gebrûk fan dat evangeelje makke. Sa as bygelyks de útspraken fan Jezus komme oerien yn dy evangeeljes. Nei alle gedachten wiene dat [[perikoop|perikopen]], of in samling dêrfan, dy't bekend stiet as de tinkbyldige boarne Q. Ek befetsje de Evangeeljes fan Mattéus en Lukas eigen unike matearje, dêr't mooglik ek âldere oerleverings it grûnwurk fan foarmje. It [[Evangeelje fan Jehannes]], dat mear it skaaimerk fan in [[teology]]sk skrift hie as de oare trije, waard om 90-110 n.Kr. hinne skreaun. Der binne ferskillen fan miening oft dat evangeelje literêr ôfhinklik fan de oare evangeeljes is en hoefier't it ûnôfhinklik is. Wis is dat der ferskillen binne mei de [[synoptyske evangeeljes]]. De skriuwer neamt as boarne it skreaune ferslach fan de "learling dy't Jezus leaf hie".
 
=== Boarnen om utens ===
Njonken de bibelske boarnen wurdt Jezus in stikmannich kear neamd yn net-kristlike boarnen dy't brûkt binne yn de histoaryske analyse fan it bestean fan Jezus.
 
==== Tallos ====
Jezus waard mooglik foar it earst neamd bûten it Nije Testamint om [[55]] n.Kr. hinne troch in skiedkundige dy't [[Tallos (skiedkundige)|Tallos]] hiet. Tallos syn wurk, lykas de measte literatuer út de [[Aldheid]], is ferlern rekke, mar noch net foar't it brûkt waard troch de kristlike skriuwer [[Sekstus Julius Afrikanus]] (om 160 n.Kr. hinne - om 240 hinne) yn syn wurk ''Skiednis fan de Wrâld'' (om 220 hinne). Dat boek rekke letter lykwols ek ferlern, mar net foar't it brûkt waard troch [[Byzantynske Ryk|Byzantynske]] skiedkundige [[Georgios Synkellus]] yn syn ''Kronyk'' (om 800 hinne). Der kin net mei wissichheid sein wurde dat der inkelde ferwizings binne dy't ek mar inkelde aspekten fan Jezus syn libben of dea neame.
 
==== Apokriven fan it Nije Testamint ====