Jezus (histoarysk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 32:
 
==== Tallos ====
Jezus waard mooglik foar it earst neamd bûten it Nije Testamint om [[55]] n.Kr. hinne troch in skiedkundige dy't [[Tallos (skiedkundige)|Tallos]] hiet. Tallos syn wurk, lykas de measte literatuer út de [[Aldheid]], is ferlern rekke, mar noch net foar't it brûkt waard troch de kristlike skriuwer [[Sekstus Julius Afrikanus]] (om 160 n.Kr. hinne - om 240 hinne) yn syn wurk ''Skiednis fan de Wrâld'' (om 220 n.Kr. hinne). Dat boek rekke letter lykwols ek ferlern, mar net foar't it brûkt waard troch [[Byzantynske Ryk|Byzantynske]] skiedkundige [[Georgios Synkellus]] yn syn ''Kronyk'' (om 800 hinne). Der kin net mei wissichheid sein wurde dat der inkelde ferwizings binne dy't ek mar inkelde aspekten fan Jezus syn libben of dea neame.
 
==== Josefus ====
Yn de ''[[Joadske Aldheden]]'' (om 93-94 n.Kr. hinne) fan [[Flavius Josefus]] wurdt Jezus twa kear neamd. It part, ''Testimonium Flavianum'' neamd, is nei alle gedachten foar it grutste part net oarspronklik, mar men is it oer it algemien deroer iens dat der in oarspronklike kearn ynsit, mar dêr't kristenen oan taheake hiene. Yn dat part wurdt "Jakobus, de broer fan Jezus, dy't Kristus neamd waard", neamd.
 
==== Tasitus ====
De Romeinske [[skriuwer]] [[Tasitus (skriuwer)|Tasitus]] ferwiisde nei Jezus en syn terjochtstelling troch Pontius Pilatus yn syn ''[[Annales (Tasitus)|Annales]]''. De passaazje dy't nei Jezus ferwiisd hat in negatyf kommentaar oer kristenen, dus it liket net mooglik dat dy troch kristen neimakke waard.
 
==== Apokriven fan it Nije Testamint ====
De 68 bekende [[Apokryf|apokrive]] evangeeljes binne net folle wurdich foar de histoaryske Jezus. De measten fan dy skriften binne ferlern gien, mar fan wat der oerbleaun is, wurdt al gau dúdlik dat fantasijefantasy it grûnwurk fan dy evangeeljes is, benammen de bernejierren fan Jezus. De bewarre bleaune skriften komme allegear fan letter as de kanonike evangeeljes. Guon dêrfan hawwe grutte ynfloed hân op de folkske oerleverings. Sa komme bygelyks de bertegrot fan [[Betlehem]], dêr't boppe-op de hjoeddeistige [[Bertetsjerke]] boud waard, en de nammen fan de âlden fan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]], Joachim en Anna, út it [[twadde iuw]]ske apokrive [[Evangeelje fan Jakobus]]. De [[okse]] en de [[ezel]] yn de stâl komme fan it [[fyfde iuw]]ske [[Evangeelje fan Pseudo-Mattéus]], dy't troch de skriuwer sels it "It Boek oer it Komôf fan 'e Silge Marije en de Bernetiid fan de Ferlosser" neamd waard.
 
It [[Evangeelje fan Petrus]] befettet in fragmint mei faaks in lyts oantinken oan Jezus. It [[Koptysk]]e [[Evangeelje fan Tomas]], dat it ferneamdste fan alle apokrive evangeeljes is, waard yn [[1945]] by it [[Egypte|Egyptyske]] doarp [[Nag-Hammadi]] ûntdutsen en is de oerseting fan in twadde iuwsk Gryksk orizjineel. Guon tinke dat it Evangeelje fan Tomas útspraken fan Jezus befetsje dy't werom geane op âldere tradysjes as de kanonike evangeeljes. It befettet lykwols gjin ferhaal oer Jezus en dus ek gjin nijsgjirigens oer it libbeb fan him.