Jezus (histoarysk): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 43:
De 68 bekende [[Apokryf|apokrive]] evangeeljes binne net folle wurdich foar de histoaryske Jezus. De measten fan dy skriften binne ferlern gien, mar fan wat der oerbleaun is, wurdt al gau dúdlik dat fantasy it grûnwurk fan dy evangeeljes is, benammen de bernejierren fan Jezus. De bewarre bleaune skriften komme allegear fan letter as de kanonike evangeeljes. Guon dêrfan hawwe grutte ynfloed hân op de folkske oerleverings. Sa komme bygelyks de bertegrot fan [[Betlehem]], dêr't boppe-op de hjoeddeistige [[Bertetsjerke]] boud waard, en de nammen fan de âlden fan [[Marije (mem fan Jezus)|Marije]], Joachim en Anna, út it [[twadde iuw]]ske apokrive [[Evangeelje fan Jakobus]]. De [[okse]] en de [[ezel]] yn de stâl komme fan it [[fyfde iuw]]ske [[Evangeelje fan Pseudo-Mattéus]], dy't troch de skriuwer sels it "It Boek oer it Komôf fan 'e Silge Marije en de Bernetiid fan de Ferlosser" neamd waard.
 
It [[Evangeelje fan Petrus]] befettet in fragmint mei faaks in lyts oantinken oan Jezus. It [[Koptysk]]e [[Evangeelje fan Tomas]], dat it ferneamdste fan alle apokrive evangeeljes is, waard yn [[1945]] by it [[Egypte|Egyptyske]] doarp [[Nag-Hammadi]] ûntdutsen en is de oerseting fan in twadde iuwsk Gryksk orizjineel. Guon tinke dat it Evangeelje fan Tomas útspraken fan Jezus befetsje dy't werom geane op âldere tradysjes as de kanonike evangeeljes. It befettet lykwols gjin ferhaal oer Jezus en dus ek gjin nijsgjirigens oer it libbeblibbe fan him.
 
==== Oare Joadske boarnen ====
Yn de Joadske [[Talmoed]] wurdt mooglik in ferwizing nei Jezus makke. De Talmoed ferwiist nei guon kriminele saken yn Israel dêr't de teksten fan 200-500 n.Kr. fan bondele waarden. Bart Ehrman seit dat dy matearje te let is om te brûken foar it sykjen nei de histoaryske Jezus en seit dat Jezus nea neamd waard yn it âldste part fan de Talmoed, mar feskynt yn parten fan lettere tiid.
 
De [[Syrysk]]e [[stoïsisme|stoïsist]] [[Mara bar Serapion]] dy't in brief oan syn soan, dy't ek Serapion hiet, fanút in Romeinske finzenis stjoerde, ferwiisde nei de terjochtstelling fan de "kening fan de Joaden". De brief is nei alle gedachten fan net folle letter as [[73]] n.Kr.
 
==== Oare Romeinske boarnen ====
[[Plinius de Jongere]] skreau yn [[112]] n.Kr. yn it ramt fan de kristenebestraffing in brief oan keizer [[Trajanus]], dêr't er de kristenen yn beskriuwt en Kristus neamt. [[Suëtoanius]] yn syn ''Libben fan Klaudius'' dat (om 50 n.Kr. hinne) dat de "Joaden algeduerigen rebûlje feroarsaken dy't stookt waarden troch ''Chrestus'' en Klaudius harren dêrom út Rome ferballe". It is net wis oft mei ''Chrestus'' Kristus bedoeld waard. Lusianus fan Samosata, dy't yn twadde iuw libbe ferwiisde yn de ''Dea fan Peregrinus'' oer kristenen nei "harren wetjouwer, de man dy't yn Palestina krusige waard".
 
== Sjoch ek ==