Geart Aeilco Wumkes: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
L en derby
Rigel 56:
 
===== ''Bodders yn de Fryske striid'' (1926) =====
Doe 't Wumkes yn 1924 bibletekaris en haad fan de Provinsjale Bibleteek fan FryslâFryslân wurden wie, krige hy mear tiid om him oan it troch him leave biografyske sjenre ta te lizzen. Dat late yn 1926 ta syn twadde grutte kompilaasjewurk, 'Bodders yn de Fryske striid', in rige libbensbeskriuwings fan persoanen dy't aktyf wiene foar de Fryske taal en kultuer. Ek op dit boek falt nei lettere mjitstêven wol ien en oar oan te merken, trochdat de ynhâld faak mear in romantysk as in wittenskiplik karakter hat. As bydrage oan de Fryske skiedskriuwing wurdt ''Bodders yn de Fryske striid'' lykwols as in klassiker binnen de Fryske literatuer beskôge.
 
===== ''Stads- en dorpskroniek van Friesland'' (1930-1934) =====