Fort: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Fort Ellewoutsdijk.jpg|thumb|Fort Ellewoutsdijk yn Seelân, earder fort út 1837]]
In '''fort''' (fan it [[Latyn]]ske ''fortis'', "sterk") is in [[militêr]] [[bouwurk]] of [[kampemint]] dat ynrjochte is om in [[garnizoen]] te herbergjen en sa makke is dat it gaadlik is om te ferdigenjen tsjin oanfallen troch de fijân. In fort is ornaris foarsjoen fan [[muorre]]n, in [[palissade]], [[wâl|wallen]], [[grêft|greften]] en/of [[toer (bouwurk)|tuorren]]. It is by definysje in selsstannige, slettene en oan alle kanten ferdigenbere militêr [[fêsting]]. Ien fort kin ek bestean út ferskate, mei-inoar ferbûne fersterkings, lykas [[bunker]]s of [[kazemat]]ten. It ferneamde [[Belgje|Belgyske]] [[Fort Eben-Emael]], by [[Luik (stêd)|Luik]], is bygelyks opboud út santjin ûnderling ferbûne fortifikaasjes. Forten kinne ek yn in ring om in [[stêd]] hinne oanlein wêze; yn sokke gefallen sprekt men faak fan in 'gurdle' of in 'stelling'. Foarbylden binne de [[Stelling fan Amsterdam]], de [[Stelling fan Antwerpen]] en de [[Fortegurdle fan Luik]].
 
==Bekende forten en skânsen yn Nederlân==