Ferskil tusken ferzjes fan "Blokdruk"

14 bytes grutter ,  5 moannen lyn
 
Foardiel fan it blokdrukproses is de gruttere [[artistike frijheid]] as by oare drukmetoaden. Ofdrukkende blokken dêrfoaroer binne net botte duorsum en wurde troch it brûken gau minder.
 
De technyk fûn yn [[Jeropa]] earst yn de foarste helte fan de [[15e iuw]] syn beslach, benammen yn de kultuersintra [[Brugge]], [[Brussel]], [[Haarlim]] en [[Utert (stêd)|Utert]]. De earste losse printen yn blokdruk binne fan 1418 en 1423. De earste blokboeken fan tusken 1430 en 1440. Blokdruk waard algemien foar it printsjen fan printen brûkt, yn de Nederlannen makken de ''Broeders des Gemenen Levens'' lykwols njonken printen ek skreaune teksten. De measte blokdruk is religieus fan aard. Om 1455 hinne waard yn West-Jeropa it drukproses mei losse letters yn gebrûk nommen. De blokdruk waard allinnich noch brûkt foar de werjefte fan ôfbyldings. Oan de ein fan de 15e iuw wie de blokdruk hielendal ferdwûn en ferfongen troch de typografyske druk fan boeken.
 
==Blokdruk (tekstyltechnyk)==
14.042

bewurkings