The Hole Truth: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L fl
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 23:
__TOC__
==Ynhâld==
Oan 'e ein fan 'e [[winter]], as it [[iis]] einlings en te'n lêsten fan 'e [[strjitte]]n ferdwynt, wurdt dúdlik dat der yn Milton Street in gat yn it [[asfalt]] sit. It is in baas gat, en as Waldo Simpson der mei syn [[auto]] sûnder euvelmoed trochhinne riidt, kostet dat him de [[skokbrekker]]s oan syn beide [[tsjilTsjil (fuortbeweging)|foartsjillen]]. In pear [[wike]]n letter, as de [[temperatuer]] safierhinne opwaarme is dat men wer putsjes bûtendoar om 'e hûs hinne dwaan kin, komme ek oare [[buorlju]] om nei it grutte gat te sjen, lyk by Bill Pointer foar hûs. As Harold Krieger der in grouwe [[tûke]] yn stekt dy't by in [[stoarm|winterstoarm]] fan in [[beam]] yn syn [[tún|eftertún]] waaid is, ferdwynt it ding folslein yn it gat.
{{Plotbedjer}}
Om't je wol mei de auto fêst komme kinne te sitten as je mei in tsjil yn it gat ride, set Krieger der in folle [[jiskepûde]] op. Pointer wiist der lykwols op dat dy by [[nacht]] frijwol net te sjen wêze sil. Hy is bang dat immen de pûde stikken ride sil, mei as gefolch dat de strjitte by him foar hûs fol komme sil te lizzen mei stjonkend [[ôffal]]. Krieger moat him gelyk jaan, mar as er de jiskepûde wer fan it gat besiket te tillen, sit it ding fêst. Deroan te skuorren soarget der allinne mar foar dat de pûde iepen driget te brekken, en as Krieger it ding wer loslit, ferdwynt it yn it gat. Krieger en Pointer ornearje dat it in djip [[sinkgat]] wêze moat. Logyskerwize, sa riddenearret Krieger, moat der guod yn smiten wurde om it ticht te krijen.
Rigel 29:
Dat, de bewenners fan Milton Street sette útein mei it dumpen fan alderhanne âlde rommel yn it gat, [[grou ôffal]] dat se nea kwytkinnen hawwe op 'e [[gemeente (bestjoer)|gemeentlike]] [[jiskebult]] sûnder derfoar te beteljen. Mar hoefolle oft se ek yn it gat smite, it liket inkeld grutter te groeien. It bestean fan it sinkgat seit gau fuort, en al rillegau komme der lju út oare strjitten en buerten om harren grou ôffal yn it gat op Milton Street te dumpen. Nei ferskate kearen [[tillefoan|skille]] te wêzen komt de [[plysje]] del, dy't it gat ris oereaget en letter dy deis weromkomt om der in pear [[read]]-[[wyt]]ferve [[seachbok]]ken omhinne te setten. Uteinlik komt der ek immen fan 'e [[gemeentlike bûtentsjinst]] del. Ta ôfgriis fan 'e bewenners fan Milton Street sjocht dyselde yn it sinkgat de oplossing foar it probleem dat de stêd hat om in gaadlike lokaasje foar in nije jiskebult te finen.
 
It komt lykwols net safier, want aldergeloks begjint it gat út himsels wer te krimpen. Dat proses giet folle hurder as it groeien, en binnen in [[etmel]] is der eins suver neat fan oer. De bewenners fan Milton Street litte in sucht fan ferlichting slûpe. Mar dêr binne se te betiid mei, want in pear dagen letter komt it gat werom, hommels en yn folle grutte. Dan fljocht alle troep der wer út dy't der earder yn smiten is, oant Krieger syn jiskepûde en de tûke fan 'e beam oan ta. Dêrnei fljocht der oar spul út it gat, dingen dy't de bewenners fan Milton Street noch nea sjoen hawwe. Bill Pointer is de earste by wa't dan it besef trochkringt dat it gat gjin sinkgat is, mar in poarte nei in oare [[diminsje]], en dat Milton Street no net inkeld it eigen ôffal weromkrigen hat, mar it ôffal fan ''oaren'' deropta.
 
==Oersettings==