Weidum: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Bs
Rigel 24:
 
=== Dekemastate ===
Alear hie Weidum in [[foarwurk|úthôf]] fan it Augustiner kleaster [[Lúntsjerk]]. Dizze úthof is lykas de Augustiners ferrûn. De Dekema's hawwe doe in besit fan de [[Augustiner Koarhearen]] oernommen. Dit hat der foar soarge dat de measte Dekema's ek [[grytman]] fan [[Baarderadiel]] wienen. Guon hawwe foar de eare betanke. De Dekema's hearden ta de [[Skieringers]]. Lykas de measte Skieringers hawwe se meiwurke oan it bewâld fan de Saksers en [[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]]. <br>
De meast bekende Dekema is [[Piter Dekema]] west. <br>
Nei it útstjerren fan de Dekema's is Dekemastate yn hannen fan ferskate famyljes west. Nei 1815 kaam it yn hannen fan de Fan Beyma's. Dy hawwe der in protte oan dien om Dekemastate net te fersleaukje te litten. Op 'en doer wie soks net mear te foarkommen. Yn wynhoas op [[2 maart]] [[1895]] hat in ein oan de state makke. <br>
Rigel 38:
=== Papingastins ===
{{apart|Papingastins (Weidum)}}
Pappingastins of Papingastate stie besuden de tsjerke, njonken Borniastate. As it hûs yn de [[16e iuw]] foar it earst neamd wurdt, wenje hjir de Ropta’s. Yn 1570 liet Rinsk van Ropta, dy't troud wie mei Hartman fan Haersma, oan de de Weidumer tsjerke 12.000 stenen nei, dy't levere wurde moasten troch har tichelwurk yn [[Winsum (Fryslân)|Winsum]]. Ek de earme widdo's waard net ferjitten, it hûs dat se yn de tsjerkebuert fan in Yme Foppes kocht hie, wie foar harren ornearre. Om 1700 waard it eptige hûs ôfbrutsen en ferfongen troch in pleats. Oan de ein fan de Lytsebuorren oan de súdwestkant fan de tsjerke begjint de oprydleane nei Papingastate (út it doarp wei sjoen de linker pleats).
 
=== Waltastate ===