Wringedieren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 44:
 
==Skaaimerken==
Wringedieren ûnderskiede har fan 'e oare rêchstringdieren trochdat by har it [[rêchpiid]] beskerme wurdt troch in [[wringe (rêchbonke)|wringe]]. Alle wringedieren hawwe in [[ynwindich skelet]] mei [[draaibonke]]n (''wervels'') dêr't in [[sintraal senuwstelsel]] trochhinne rint. De measte soarten hawwe ek in [[plasse (bonke)|plasse]] (''skedel''), [[kaak (lichemsdiel)|kaken]], en twa pear [[lid (lichemsdiel)|lidden]]. De plasse beskermet de [[harsens]], en de [[each|eagen]] en [[ear (lichemsdiel)|earen]], wat nei alle gedachten laat hat ta gruttere [[yntelliginsje]]. De draaibonken (of wringen) foarmje mei-inoar de wringe of rêchbonke, dêr't it rêchpiid binnenyn sit. De wringe as gehiel jout stevichheid oan it [[skelet]] en makket gruttere groei mooglik.
 
Ta de wringedieren wurde ek de [[slymnjoggeneagen]] (''Myxini'') rekkene, dat [[kaakleaze fisken]] binne, dy't gjin echte wringe hawwe. Har neiste sibben, de [[njoggeneagen]] (''Pteromozontida'' of ''Hyperoartia''), hawwe lykwols àl in wringe, dat se hearre perfoarst ta de wringedieren. Men soe sadwaande stelle kinne dat de namme "wringedieren" net sa goed keazen is, om't dy net de hiele lading dekt. Mei't de slymnjoggeneagen har fan 'e neiste net-wringedieren ûnderskiede trochdat se in plasse hawwe, wurde de wringedieren yn wittenskiplike fermiddens ek wolris de ''Craniata'' of '''plassedieren''' neamd.