Koloanje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 6:
Fan 'e [[fyftjinde iuw]] ôf kin oangeande de [[polityk]] fan [[Jeropa|Jeropeeske]] [[lân|lannen]] sprutsen wurde fan it begryp kolonialisme. Dat sette foar it meastepart útein mei [[hannel]] mei fiere gebieten. Om (Jeropeeske) konkurrinten te behinderjen om fan deselde hannel te profitearjen, waarden yn sokke gebieten permaninte delsettings stifte dy't bewapene waarden om 'e hannelsbelangen te ferdigenjen. Meitiid ûntjoech him dat ta in bestjoerlike konstruksje, wêrby't sokke gebieten har [[selsbestjoer]] alhiel ferlearen en ûnder Jeropeesk bewâld kamen. Behalven [[ekonomy]]ske omtinkens spilen by dy ûntjouwing faak ek oare motiven in rol, lykas it nasjonaal prestiizje en [[kultuer|kulturele]] en [[religy|religieuze]] [[sinding]]sdrang.
 
In soad fan 'e ierste koloanjes waarden fêstige yn [[Noard-Amearika|Noard]]- en [[Súd-Amearika]], dêr't de lânseigen [[Yndianen|Yndiaanske]] befolking alhiel ferkrongen en yn guon gebieten [[kulturele assimilaasje|assimilearre]] waard troch Jeropeeske kolonisten. Nei likernôch trijehûndert jier wiene guon gebieten dêre like tichtbefolke as it Jeropeeske memmelân, mei in koloniale befolking fan fierhinne Jeropeesk komôf. Lykwols waard de eksploitaasje fan dy gebieten ta behoef fan it Jeropeeske memmelân gewoan fuortset. De befolking fan 'e Amerikaanske koloanjes wegere dêr op in stuit noch langer oan mei te wurkjen en kaam yn [[opstân]]. De earste Amerikaanske koloanjes dy't harren ûnôfhinklikheid fan it Jeropeeske memmelân befochten, wiene de [[Feriene Steaten]], yn 'e [[Amerikaanske Unôfhinklikheidsoarloch]] ([[1774]]-[[1783]]). Neitiid folgen hast alle oare koloanjes yn [[Midden-Amearika|Midden]]- en [[Súd-Amearika]] harren foarbyld, mei as gefolch dat tsjin 'e midden fan 'e [[njoggentjinde iuw]] yn 'e [[Amearika's]] inkeld [[Kanada]], [[Alaska]], [[Grienlân]], [[Kuba]] en guon lytsere territoaria yn it [[Karibysk Gebiet]] noch de status fan koloanje hiene.
 
Yn dyselde [[njoggentjinde iuw]] fûn in nij hichtepunt fan it kolonialisme plak mei de saneamde [[Wedrin om Afrika]], wêrby't in sântal Jeropeeske lannen besocht sa fluch mooglik safolle mooglik fan it [[Afrika]]anske [[kontinint]] te kolonisearjen. Dêrby wiene [[Grut-Brittanje]], [[Frankryk]], [[Dútslân]], [[Belgje]], [[Itaalje]], [[Portegal]] en yn mindere mjitte [[Spanje]] belutsen. Oare koloniale machten wiene [[Nederlân]], [[Denemark]], [[Sweden]], [[Noarwegen]], it lytse [[Baltikum|Baltyske]] [[hartochdom]] [[Koerlân]] en ek de [[Feriene Steaten]], dy't earder sels út [[Trettjin Koloanjes]] bestien hiene. It [[Osmaanske Ryk]] en [[Ruslân]] wiene ek koloniale machten, mar kolonisearren net fier fuort leine gebieten, mar guons dy't tsjin harren grinzen oan leine, lykas it [[Arabysk Skiereilân]] yn it gefal fan it Osmaanske Ryk en [[Kazachstan]] yn it gefal fan Ruslân. [[Japan]] wie de iennichste net-Jeropeeske koloniale macht.