Mille Lacs-Yndianen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L opmaak oars
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 7:
Oarspronklik wennen de Boppemarder Tsjippewa en de Mississippy-Tsjippewa yn [[Opper-Michigan]], mar fanwegen tanimmende [[befolking]]sdruk, begearte nei in grutter oandiel yn 'e lukrative [[pelshannel]] mei de [[Frankryk|Frânsen]], en oanboazjende ynterne ferdieldheid feroarsake troch it [[sinding|preekjen]] fan it [[kristendom]] troch Frânske [[jezuïten]] begûn in oansjenlik diel fan harren yn [[1737]] yn [[west]]like rjochting fuort te tsjen, it binnenlân yn fan wat no [[Wiskonsin]] en [[Minnesota]] is. Troch de oerwinning fan 'e Mille Lacs-troep fan Boppemarder Tsjippewa en de Mille Lacs-troep fan Mississippy-Tsjippewa yn 'e [[Slach by Kathio]], yn [[1750]], krigen dy it doe foar it sizzen yn 'e krite fan 'e [[Mille Lacs-mar]] yn eastlik sintraal Minnesota. Mar om't beide partijen dy [[mar]] as in tige [[hillich plak]] beskôgen, waard der, neffens de [[mûnlinge oerlevering]] fan 'e Mille Lacs-Yndianen, koarte tiid letter in [[gearkomste]] belein om oer [[frede]] te praten.
 
Dêrby waard besletten dat de leden fan 'e beide Odjibwe-troepen alle [[seremoanje|seremoniële]] [[dûns]]en en [[liet]]en fan 'e pleatslike [[Eastlike Dakota (folk)|Eastlike Dakota]]-troep leare soe, wylst de Dakota freedsum troch de Odjibwe [[kulturele assimilaasje|assimilearre]] wurde soene. Mei't dêrtroch de oantsjuttings Odjibwe en Dakota net mear tapaslik wiene, krige it nije stamferbân de neutrale namme fan 'Mille Lacs-Yndianen'. Neitiid ûntjoech de nije stamme him troch syn mingde [[ôfstamming]] ta in knooppunt foar en ferbining tusken de [[kultuer]]en fan 'e [[Odjibwe (folk)|Odjibwe]] en de [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''; dêr't de Dakota it eastlike folksdiel fan foarmje).
 
Hjoed de dei identifisearje de Mille Lacs-Yndianen harsels allegear as [[etnyske groep|etnyske]] Odjibwe, mar in soad fan harren hawwe de ''Ma’iingan'' ([[Wolf]]) as har wichtichste [[toatemisme|toatem]], wat harren Dakota-[[ôfstamming]] ferriedt, mei't dy toatem by de Odjibwe net foarkomt. De Mille Lacs-Yndianen wurde yn 'e [[Feriene Steaten]] fertsjintwurdige troch de [[list fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende]] [[Mille Lacs Troep fan Odjibwe]], dy't yn [[1934]] gearstald waard út 'e Mille Lacs-Yndianen, de [[Sandy Lake Troep fan Mississippy-Tsjippewa|Sandy Lake]]- en Rice Lake-troepen fan 'e [[Mississippy-Tsjippewa]] en de westlike helte fan 'e [[St. Croix-troep]] fan 'e [[Boppemarder Tsjippewa]]. In lyts diel fan harren is yn 'e twadde helte fan 'e [[njoggentjinde iuw]] ferfearn nei it [[White Earth Yndianereservaat]] en [[ôfstammelingen]] fan dy groep meitsje no diel út fan 'e federaal erkende [[White Earth Naasje]].