Ferskil tusken ferzjes fan "Piëmont"

6 bytes grutter ,  1 moanne lyn
(Bandiera_della_regione_Piemonte.svg ferfange troch Flag_of_Piedmont.svg (troch CommonsDelinker om't: file renamed or replaced on Commons).)
 
Piemonte makke mear as tûzen jier part út fan it [[Romeinske ryk]]. Op de ein fan de Romeinske tiid, waard it tidens de [[Grutte Folkeferfarren]] ferskate kearen plondere troch omreizgjende folken. It kaam yn besit fan de [[Ostrogoaten]] en letter de [[Longobarden]]. Under [[Karel de Grutte]] makke it diel út fan it [[Frankyske ryk]].
 
Yn de rin fan midsiuwen hienen de [[markys|markizen]] fan Piëmont it der foar it sizzen. It [[Hûs fan Savoye]] makke Piëmont ûnderhearrich en [[Frankryk]] en de [[Hûs Habsburch|Habsburgers]] hawwe in soad om it gebiet fochten.
 
Yn [[1718]] waard Piëmont feriene mei [[Sardynje]] en de Habsburchske keizer skonk harren de keningstitel ([[Keninkryk Sardynje]]). Nei de besetting troch [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]] yn [[1798]] kamen de Eastenrikers oan de macht. Sy makken it gebiet ta in [[marjonettensteat]] mei [[Klemens fan Metternich]] oan it haad. Sûnt [[1847]] kaam de befolking hieltyd faker yn opstân tsjin de Eastenrikers en yn [[1859]] waarden sy troch de Piemontezen en de Frânsken ferneatigjend ferslein yn de slach by [[Solferino]].
 
[[Ofbyld:Piemonterisaie.jpg|thumb|290px|right|<small>Piëmonteeske rysfjilden tusken Novara en Ferselly]]
 
== Provinsjes en wichtige stêden ==
 
13.830

bewurkings