Margareta fan Savoaie: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 16:
Doe't har neef Karel yn [[1515]] mearderjierrich ferklearre waard, leefde se in skoftlang weromlutsen. Neidat Karel nei [[Spanje]] ôfsetten wie om der nei it ferstjerren fan [[Ferdinand II fan Aragon|Ferdinand II fan Aragón]] de troanopfolging waar te nimmen, waard Margaretha,'la bonne tante', foar de twadde kear belêste mei de regearing oer de Nederlannen.
 
Opnij behertige se benammen de belangen fan [[Hûs Habsburch|Habsburch]]. Ien fan har súksessen wie de ferkiezing fan Karel V ta keizer ([[1519]]), wêrtroch't de oarloch tsjin [[Frankryk]] wer begûn (sjoch [[Slach by Pavia (1525)|slach by Pavia]]), wêrby't de Frânske kening de soevereiniteit oer [[Greefskip Arteezje|Arteezje]] ferlear. Tegearre mei de keninginne fan Frankryk die se war foar in fergelyk, wat op [[3 augustus]] [[1529]] ta de [[Damesfrede fan Kamerijk]] late, wêrby't [[Frâns I fan Frankryk|Frâns I]] definityf ôfstân die fan alle oanspraken op [[Flaanderen]] en Arteezje. Der kaam hjirmei in tydlik ein oan de Italjaanske oarloggen. Yn de lêste tsien jier fan har bewâld liet Karel V it hiele bestjoer oer de Nederlannen op har skouders rêste.
 
Margareta's regearing wurdt beskôge as in tiid fan relative rêst en wolfeart. Dochs barden ûnder har bewâld de earste eksekúsjes fan [[reformaasje|protestanten]], benammen de [[Antwerpen (stêd)|Antwerpse]] muontsen [[Hindrik Voes]] en [[Jan fan Essen]], dy't op 1 july 1523 op de [[grutte Merk (Brussel)|Grutte Merk fan Brussel]] ferbaarnd waarden. Yn de noardlike Nederlannen waard [[Jan de Bakker]] út [[Woerden]] de earste protestantske martler. Yn [[1525]] waard hy yn De Haach, yn har oanwêzichheid op de brânsteapel ta de dea brocht.