Tijmûning: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Amazonasaestuar.jpg|thumb|De noarlike [[Amazône (rivier)|Amasône]]tijmûning]]
In '''tijmûning''' of '''estuarium''' is in ferbrede, meast trachterfoarmige [[rivier|riviermûning]], dêr't swiet rivierwetter en sâlt seewetter mei elkoar fermingd wurde ta [[brak wetter]], en dêr't [[tij]]ferskil te fernimmen is. At in rivier as in stelsel fan ôfsplissen yn see útmûnet wurdt fan in [[Rivierdelta|delta]] sprutsen.
 
Nederlân hat sûnt de [[Deltawurken]] noch twa natuerlike tijmûnings: de [[Westerskelde]] (mûning fan de [[Skelde]]) en de [[Dollard|Iems-Dollard]] (mûning fan de [[Iems]]). Wat no it havengebiet oan de [[Nieuwe Waterweg]] fan [[Rotterdam]] is, wie ea de tijmûning fan de [[Maas]], dêr't sûnt de [[Romeinske tiid]] ek de [[Ryn]] foar it meastepart yn útmûne ([[Waal (rivier)|Waal]]-[[Merwede]], [[Nederryn]]-[[Lek (rivier)|Lek]]).
 
Oare tijmûnings yn Jeropa binne ûnder oaren de mûningen fan de [[Seine (rivier)|Seine]], [[Garonne]] en [[Dordogne (rivier)|Dordogne]] ([[Gironde]]), [[Taach]], [[Wezer]], [[Elbe (rivier)|Elbe]] en de tijmûnings op de Britske eilannen. Benei alle Britske rivieren mûnje út yn tijmûnings: [[Teems]], [[Severn]] ([[Kanaal fan Bristol]]), [[Humber (rivier)|Humber]] en [[Mersey]].
 
Tijmûnings hawwe faak in grutte wearde foar de natuer, mar hawwe faak ek tichtbefolke kriten mei grutte stêden rûnom. Dat hat dan wer faak in protte negative gefolgen foar de natuer.