Geslacht (sekse): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 22:
[[File:Jeddah Marriott no women sign.jpg|right|200px|thumb|Frouljusdiskriminaasje yn in [[hotel]] yn it [[Saûdy-Araabje|Saûdyske]] [[Djedda]].]]
 
De ferdieling fan 'e befolking yn geslachten dy't maatskiplik differintiëarre rollen hiene, hat laat ta it ûntstean fan [[geslachtsdiskriminaasje]] (of [[seksisme]]) en [[geslachtssegregaasje]]. Dy segregaasje, it skieden fan 'e geslachten, hoech net altyd diskriminatwaar te wêzen, want de measte froulju soene it wierskynlik net wurdearje kinne as [[húske]]s en [[dûs]]romten desegregrearre waarden. Yn guon lannen besteane der [[trein]]wagons of [[metro (ferfiermiddel)|metro]]rydtugen dy't spesjaal foar froulju bedoeld binne (al is dat dan wer in út need berne oplossing om't froulju yn wagons en rydtugen dy't ek troch manlju brûkt wurde, net feilich binne).
 
Mar oan 'e oare kant komt it ek geregeldwei foar (sij it yn it Westen hieltyd minder) dat beskate aktiviteiten of foarsjennings foarbeholden binne oan ien geslacht, yn 'e regel de man. Dêrby kin men tinke oan it ferfoljen fan bestjoersfunksjes (bgl. binnen de [[SGP]]) of fan it [[preester]]skip (bgl. binnen de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]]). Fierders wolle beskate groepearrings yn fral de [[islam]]ityske wrâld froulju (famkes) útslute fan it krijen fan [[ûnderwiis]], en meie froulju yn [[Saûdy-Araabje]] net [[auto]]ride. Ek besteane der yn in soad lannen klaaiïngsfoarskriften dêr't benammen froulju har oan tsjinje te hâlden. Oarsom is it froulju yn it Westen no wol tastien om in broek te dragen, mar wurde manlju mei jurken of rokken oan noch altyd net akseptearre. Ek kinne froulju yn formele sitewaasjes folle kleuriger klean oan hawwe as manlju, fan wa't by sokke gelegenheden in stimmich pak yn griis, brún of swart ferwachte wurdt.