Ferskil tusken ferzjes fan "Sukkubus"

12 bytes grutter ,  10 moannen lyn
(bs)
Ien fan 'e bekendste foarstellings fan in sukkubus komt foar yn 'e [[mystyk|mystike]] [[joadendom|joadske]] [[tekst]] ''[[Zohar]]'' en yn 'e [[Midsiuwsk]]e [[rabbyn|rabbinale]] tekst ''[[Alfabet fan Ben Sira]]''. Dêryn wurdt nammentlik in alternative ferzje fan it [[joadendom|joadsk]]-[[kristlik]]e [[skeppingsferhaal (Bibel)|skeppingsferhaal]] út ''[[Genesis (bibelboek)|Genesis]]'' jûn, wêryn't beweard wurdt dat [[Eva (bibelsk persoan)|Eva]] net de earste [[frou]] wie, en dat [[Adam (bibelsk persoan)|Adam]] alris [[troud]] west hie ear't [[God (monoteïsme)|God]] Eva skoep. Adam syn earste frou wie [[Lilith]], dy't letter ta in sukkubus waard. Hja liet Adam nammentlik yn 'e steek foar de [[aartsingel]] [[Samael]], en wegere om neitiid werom te kearen nei de [[Hôf fan Eden]]. Yn 'e zoharistyske [[kabbala]] wiene der fjouwer sukkuby dy't [[seksuële omgong]] hiene mei de aartsingel Samael en dêrtroch de fjouwer oarspronklike [[keninginne]]n fan 'e demoanen waarden: Lilith, [[Eisheth]], [[Agrat bat Mahlat]] en [[Naamah (demon)|Naamah]].
 
Neffens de joadske folkloare kin in sukkubus de foarm fan in [[skientme|tsjeppe]] [[famke|faam]] oannimme, mar sil har lichem by neier ynsjen in beskate wanskepenens hâlde, lykas [[fuotten]] yn 'e foarm fan 'e [[kloer]]en fan in [[rôffûgels|rôffûgel]] of in [[sturt]] yn 'e foarm fan it efterliif fan in [[slange]]. Neffens deselde [[ferhalen]] soe it [[seksuële penetraasje|seksueel binnenkringen]] fan in sukkubus oanfiele as giet men in [[grot]] fan [[iis]] yn. Sukkuby soene fierders harren manlike slachtoffers twinge ta it útfieren fan [[kunnilingus]] op harren [[fagina|fagina's]], dy't drippe soene mei [[urine]] en oare [[lichemsfloeistof]]fen (en dêrmei [[reinheid (religy)|ûnrein]] wêze soene). Yn 'e lettere folkloare fan 'e [[Westerske wrâld]] spile de [[sirene (mytysk wêzen)|sirene]] in soartgelikense rol as de sukkubus.
 
De hiele [[skiednis]] fan it [[kristendom]] en it moderne [[joadendom]] troch besochten [[preester]]s en [[rabbyn|rabbinen]] (lykas [[Hanina ben Dosa]] en [[Abaye]]) de macht te beheinen dy't sukkuby oer manlju hawwe soene. Net alle sukkuby waarden lykwols as folslein [[kwea]]daardich beskôge. Neffens [[Walter Mapes]], yn 'e [[satire]] ''De Nugis Curialium'' ("Kachelachjes fan Hôvelingen"), soe [[paus]] [[Sylvester II (paus)|Sylvester II]] (r. [[999]]-[[1003]]) in [[relaasje (ynterpersoanlike bân)|relaasje]] ûnderholden hawwe mei in sukkubus dy't Meridiana hiet, en dy't him holp om syn hege [[amt (funksje)|amt]] yn 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] te berikken. Oan 'e ein fan syn [[libben]] soed er syn [[sûnde]]n [[bycht|opbychte]] hawwe en [[berou]]fol [[stoarn]] wêze.
14.188

bewurkings