Sukkubus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 12:
Neffens de joadske mystyk, de [[kabbala]], soene de oarspronklike trije keninginnen fan 'e demoanen, [[Agrat bat Mahlat]], [[Naamah (demon)|Naamah]] en [[Eisheth]], en alle oare froulike demoanen allegear [[bern (persoan)|bern]] krigen hawwe. [[Lilith]] wie de iennichste dy't gjin bern krije kinne soe om't hja oarspronklik in [[minske]] wie en gjin demon. Neffens oare [[leginde]]n, lykwols, hie Lilith wol deeglik bern, dy't ''[[lilin]]'' neamd waarden.
 
Neffens de ''[[Malleus Maleficarum]]'' oftewol de ''Heksehammer'', in (kwea) ferneamd hânboek foar de bestriding fan [[hekserij (tsjoenderij)|hekserij]], skreaun troch [[Heinrich Kramer]] yn [[1486]], soene sukkuby [[sperma]] sammelje fan 'e manlju dy't se ferliede. Dat sperma soe neitiid troch [[ynkubus|ynkuby]] brûkt wurde om bern [[befruchting|oan te setten]] by de froulju mei wa't se [[seksuële omgong]] hiene. Sa waard útlein hoe't demoanen bern by minsklike froulju oansette koene nettsjinsteande it kristlike [[dogma]] dat se yn essinsje [[aseksualiteit|aseksuële]] wêzens wiene. Bern dy't op dy wize oanset wiene, saneamde ''[[cambion]]s'', koe men neffens de ''Malleus Maleficarum'' werom oan it feit dat se misfoarme te wrâld kamen of trochdat se fetberder wiene foar [[boppenatuerlik]]e ynfloeden. Itselde [[boek]] leit lykwols net út wêrom't in minsklike frou dy't [[swierwêzen|swier]] makke wurdt mei it sied fan in minsklike man net in gewoan minsklik bern te wrâld bringe soe.
[[File:WW Chicago 2013 - Succubus (9518401063).jpg|right|350px|thumb|In moderne [[cosplay]]-foarstelling fan in sukkubus.]]