Evangeelje fan Mattéus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Rigel 47:
De earste Fryske oersettings út ''Mattéus'' betroffen fragmintaryske passaazjes yn [[Aldfrysk]]e rjochtsteksten út 'e [[Midsiuwen]] (benammentlik ''Mattéus'' 6:9-13, it ''[[Us Heit (gebed)|Us Heit]]''). De earste fertaling fan in hiel haadstik (''Mattéus'' 6) ferskynde yn [[1802]], yn [[Everwinus Wassenbergh]] syn ''Taalkundige Bijdragen tot den Frieschen Tongval I'' (sawol yn it Standertfrysk, ynsafier't men dat doe al sa neame koe, as yn it oan it [[Hylpersk]] besibbe en letter útstoarne [[Molkwardersk|Molkwarder]] [[dialekt]]). De earste Fryske oersetting fan it ''Evangeelje fan Mattéus'' as gehiel ferskynde yn [[1858]] fan 'e hân fan 'e grutte njoggentjinde-iuwske [[Fryslân|Fryske]] [[skriuwer]] en [[dichter]] [[Joast Hiddes Halbertsma]], ûnder de titel ''It Ewangeelje fen Matthewes''. Dêrby gie it om in oplaach 250 eksimplaren; pas yn [[1884]] folge der in (postume) folksútjefte. Yn [[1911]] en [[1912]] waard der as in soarte fan [[fúljeton]] in nije oersetting fan ''Mattéus'' fan 'e hân fan [[Gerben Postma]] en [[Pieter de Clercq]] útjûn yn it blêd ''[[Yn ús eigen tael]]''.
 
It hiele Frysktalige Nije Testamint kaam út yn [[1933]], yn in fertaling fan dû. [[Geart Aeilco Wumkes]] en [[Eeltsje Boates Folkertsma]], deselden dy't yn [[1943]] ferantwurdlik wiene foar de earste folsleine bibeloersetting, wat in útjefte wie fan it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' yn opdracht fan it [[Kristlik Frysk Selskip]]. Om't sawol teologen as taalkundigen beswieren tsjin 'e fertaling Wumkes-Folkertsma hiene, waard fan [[1966]] ôf wurke oan in nije bibeloersetting, dy't yn [[1978]] útkaam as de [[Nije Fryske Bibeloersetting]], mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel (plak)|Bokstel]]. Dat is de fertaling dy't noch altiten yn gebrûk is, yn 'e foarm fan 'e trêde, ferbettere druk fan [[1995]]. De oersetting fan it ''Evangeelje fan Mattéus'' waard dêrby dien troch pater dr. S. Galama ofm, ûnderstipe troch [[frisikus]] M.J. de Haan. Lykwols kaam der yn [[1994]] in nije evangeeljefertaling út fan [[Wybren Jan Buma]] e.o., ûnder de titel ''De Fjouwer Evangeeljes, op 'e nij ferfryske''.
 
{{boarnen|boarnefernijing=