Tobit (bibelboek): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 28:
'''''Tobit''''', yn it [[Hebriuwsk]]: '''טובי''', '''''Ṭovi''''' ([[Gryksk|helenisearre]] en [[Latyn|latinisearre]] ta ''Tobias''), is in deuterokanonyk of [[apokryf]] boek fan 'e [[Bibel]]. Gjin inkele streaming fan it [[joadendom]] erkent it as [[Kanon fan de Bibel|kanon]]yk, en it heart dus net ta de joadske ''[[Tenach]]''. Wat it [[kristendom]] oanbelanget, wurdt ''Tobit'' troch alle [[protestantisme|protestantske tsjerken]] as apokryf beskôge. Allinne de [[Anglikaanske Tsjerke]] lit it as regel ôfprintsje yn syn bibels, mar ûnder it betingst dat it net bedoeld is om 'e tsjerklike lear op te basearjen (dus inkeld foar de nijsgjirrigens). Yn 'e bibels fan oare protestantske denominaasjes wurdt it soms (mar lang net altyd) ek wol werjûn as nuttige mar opsjonele taheakke oan it [[Alde Testamint]]. Dat is bgl. it gefal yn 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]] fan [[1978]], wêryn't it as trêde fan tolve apokrife bylagen tafoege is.
 
De [[Roomsk-Katolike Tsjerke]], lykwols, rekkenet ''Tobit'' wol deeglik ta de kanon, sa't yn [[397]] fêstlein is troch it [[Konsylje fan Kartago]], en nochris befêstige yn [[1546]], troch it [[Konsylje fan Trinte]]. Yn roomske bibels makket ''Tobit'' sadwaande gewoan ûnderdiel út fan it Alde Testamint, en folget it daliks op ''[[Nehemia (bibelboek)|Nehemia]]''. Itselde is it gefal yn 'e kanons fan 'e [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] en [[oriïntaalsk-otterdoksy|oriïntaalsk-otterdokse tsjerken]] (lykas de [[Gryksk-Otterdokse Tsjerke|Gryksk-Otterdokse]], de [[Russysk-Otterdokse Tsjerke|Russysk-Otterdokse]], de [[Georgysk-Otterdokse Tsjerke|Georgysk-Otterdokse]], de [[Armeensk-Otterdokse Tsjerke|Armeensk-Otterdokse]], de [[Syrysk-Otterdokse Tsjerke|Syrysk-Otterdokse]], de [[Etiopysk-Otterdokse Tsjerke|Etiopysk-Otterdokse]] en de [[Koptyske Tsjerke]]).
 
''Tobit'' is in [[novelle]] dy't it libben fan 'e fromme joad [[Tobit (bibelsk persoan)|Tobit]] beskriuwt. De tekst is inkeld oerlevere yn twa [[Aldgryksk]]e foarmen út ûnderskate ferzjes fan 'e ''[[Septuaginta]]'': in koarteren, dy't wol ''Gryksk I'' neamd wurdt, en dy't û.o. fûn wurde kin yn 'e ''[[Codex Vaticanus Graecus 1209|Codex Vaticanus]]'', de ''[[Codex Alexandrinus]]'' en de ''[[Codex Venetus]]'', en ''Gryksk II'', dy't 1700 wurden langer is, en dy't yn 'e ''[[Codex Sinaiticus]]'' stiet. Hoewol't it ferhaal spilet yn 'e achste iuw f.Kr., en de tradysje hawwe wol dat it ek yn dy tiid skreaun is, giet men der no fanút dat ''Tobit'' it wurk is fan in anonime [[auteur]] út 'e twadde iuw f.Kr., en dat de oarspronklike tekst yn it [[Arameesk]] steld wie. Yn [[1952]] waarden yn Grot IV te [[Qumran]], mank de [[Deade-Seerôlen]], fjouwer fragmintaryske ferzjes fan ''Tobit'' yn it Arameesk en ien yn it Hebriuwsk fûn. Dy lykje benammen oerien te kommen mei de langere ''Gryksk II''-foarm. Fan [[1966]] ôf binne sadwaande de measte oersettings fan ''Tobit'' op dy langere ferzje basearre.
Rigel 41:
 
==Fryske oersetting==
Yn 'e [[Nije Fryske Bibeloersetting]], dy't yn [[1978]] mei stipe fan 'e provinsje [[Fryslân]], it ''[[Nederlands Bijbelgenootschap]]'' te [[Haarlim]] en de ''[[Katholieke Bijbelstichting]]'' te [[Bokstel (plak)|Bokstel]] útjûn waard, is ''Tobit'' yndield ûnder de apokrife of deuterokanonike boeken, oan 'e ein fan it Alde Testamint. Dy oersetting fan ''Tobit'' waard makke troch pater dr. [[S. Galama]] ofm, dy't op taalkundich mêd ûnderstipe waard troch [[frisikus]] [[M.J. de Haan]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=