Ferskil tusken ferzjes fan "Casus belli"

bs
(nije side)
 
(bs)
 
By it utering jaan oan in ''casus belli'' leit in [[regear]] yn in formele ferklearring ornaris wiidweidich út wat de redens binne om in oarloch te begjinnen, hoe't men fan doel is om 'e oarloch út te fieren, en hokker stappen oft oaren nimme kinne om jin op oare gedachten te bringen en fan in oarloch ôf te hâlden. Dêrby wurdt yn 'e regel war dien om sjen te litten dat it oangean fan in oarloch inkeld in lêste ûntwyk (''[[ultima ratio]]'') is, en dat it oanbelangjende regear ien of mear jildige redens hat foar it begjinnen fan in oarloch dy't troch oaren ek as sadanich erkend wurde. Yn it moderne ynternasjonaal rjocht besteane der mar trije [[wet]]tige redens om in oarloch te begjinnen: selsferdigening, ferdigening fan in bûnsgenoat neffens de betingsten fan in [[ynternasjonaal ferdrach]], en as men de goedkarring fan 'e [[Feriene Naasjes]] hat.
 
Ferneamde ''casi belli'' út it ferline binne de [[moard]] op [[aartshartoch]] [[Frâns Ferdinand fan Eastenryk]], dêr't de [[Earste Wrâldoarloch]] yn [[1914]] mei begûn, de [[Dútske ynfal yn Poalen]], dêr't de [[Twadde Wrâldoarloch]] yn [[1939]] mei begûn, de [[oanfal op Pearl Harbor]], dy't yn [[1941]] foar de [[Feriene Steaten]] oanlieding wie om oan 'e Twadde Wrâldoarloch diel te nimmen, en de fermiende [[massaferneatigingswapen]]s fan [[Saddam Hoessein]], dy't yn [[2003]] foar de Feriene Steaten en harren bûnsgenoaten oanlieding foarmen om 'e [[Irakkriich|Twadde Golfoarloch]] tsjin [[Irak]] te begjinnen.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
14.377

bewurkings