Pikmar: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
gw
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 5:
Troch de mar rint it [[Prinses Margrietkanaal]] dat ferbining jout mei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Snits]]. Fia de [[De Tynje (wetter)|De Tynje]] is de Pikmar ferbûn mei de [[Peanster Ie]] en fierder nei de [[Sitebuorster Ie]]. Fia de [[Neare Burd]] stie de mar yn ferbining mei de [[Wide Burd]] en ek wer fierder nei de [[Sitebuorster Ie]], mar yn de Neare Burd lizze no dûkers. Oan de noardkant fan Grou komme de [[Grou (wetter)|Grou]], de [[Bosksleat]], de [[Wide Galle]], de [[Geau]] en de Pikmar byelkoar. Yn de mar lizze it Grutte Eilân en it Lytse Eilân.
 
De Pikmar is ûntstien as in ferbreding fan in feart fan Grou nei it easten. De mar wurdt fieden troch de [[Kromme Grou]] en wettert ôf yn de [[Wide Ie (Feanhoop)|Wide Ie]].
 
Yn de Pikmar lizze trije eilannen. Ien dêrfan is bewenne en op in oare stiet in kapeltsje.
 
Tegearre mei de [[Wide Ie]] foarmet de mar no it drokste wettersportgebiet fan Fryslân. Under oaren wurde hjir de iepeningswedstriden fan it [[Sintrale Kommisje Skûtsjesilen|SKS Skûtsjesilen]] hâlden.
 
== Pikmararrest ==