Oera Linda Boek: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L st
[[]]
 
Rigel 1:
[[Ofbyld:Manuscript Thet Oera Linda Bok, pagina 48.jpg|thumb|Side út it manuskript fan it Oera Linda Boek]]
It '''Oera Linda Boek''' is in [[kronyk]] fan de iere wrâldskiednis, út Frysk eachpunt, en in famyljekronyk fan in âlde aadlike Fryske famylje mei de fan ''Over de Linden'', of ''Oera Linda''. It [[manuskript]] soe in kopy út [[1256]] wêze, dy fia âldere kopyen weromgong op boarnen út likernôch de perioade fan 560 foar Kristus oant it begjin fan de jiertelling. De measte ûndersikers beskôgje it Oera Linda Boek as in [[mystifikaasje]]; der binne lykwols ferskillende ideeën oer de skriuwer fan it hânskrift, en oer it motyf in sabeare kronyk te skriuwen.
 
== Publikaasje ==
It bestean fan it Oera Linda Boek waard likernôch 1870 publyk, doe't [[Eelco Verwijs]], argivaris en bibletekaris by de provinsje Fryslân, oan it [[Frysk Genoatskip]] berjocht die dat er kontakt hân hie mei [[Cornelis over de Linden]], skipsboumaster by de marine yn [[De Helder]]. Dy soe in tige âld hânskrift hawwe dat al iuwen yn de famylje wie, mar dat er nei sizzen net lêze koe.
 
It genoatskip wie skeptysk, mar ien fan de leden, [[Jan Ottema]] , skreau yn [[1871]] dat er, no't er it hânskrift sels sjoen hie, oertsjûge wie fan de echtens. Hy publisearre yn [[1872]] in hast folsleine printinge fan it manuskript, tegearre mei syn oersetting derfan, ûnder de titel ''Thet Oera Linda Bok - naar een handschrift uit de derde eeuw, eigendom der familie Over de Linden, aan Den Helder'' (''It Oer de Linden boek - nei in hânskrift út de tredde iuw, eigendom fan de famylje Over de Linden, oan De Helder''). Letter, yn [[1941]], kaam der in twadde oersetting út, fan [[Jacques Overwijn]]: ''Thät wra Linda bok''.
 
== Diskusje ==