Audulf: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 21:
De measte op dit mêd saakkundige [[wittenskip]]pers geane derfan út dat der yn 'e earste helte fan de [[7e iuw|sânde iuw]] in [[kening]] oer de [[Friezen]] hearske dy't fan Audulf hiet. Dy namme is gearstald út 'e [[Aldfrysk]]e wurden foar [[adel]] en foar [[wolf]], en soe dus oerset wurde kinne as "aadlike wolf". It grûngebiet dêr't dizze kening oer hearske hat, lei mooglik yn [[Nederlân|Middennederlânske]] gebiet fan 'e [[Grutte Rivieren]], dat no fier besuden [[Fryslân]] leit, mar doe ta de [[Sân Seelannen|Fryske Seelannen]] hearde.
 
De skreaune boarnen jouwe gjin ynformaasje oer dizze foarst, mar der binne goudene [[munt]]enmunten fûn mei it opskrift "Audulfus" en "Frisia". De Fryske lannen bestiene doedestiden út ferskate lytse politike ienheden, elts mei in eigen machtsintrum en kening. Opgravings yn noardlik [[Westergoa]] hawwe oantoand dat sa'n hearsker yn dy tiid ek bestien hat yn 'e tsjintwurdige provinsje [[Fryslân]].
 
De munten mei "Audulfus" derop binne yn Nederlân fûn wurden yn [[Escharen]] en yn 'e omkriten fan [[Arnhim]], en teffens yn [[Ingelân]]. Se binne nei alle gedachten slein tusken [[600]] en [[630]]. Begjin [[2006]] waard yn [[Winaam]] in muntstimpel fûn mei de tekst "''AUDWULF FRISIA''", op it plak dêr't al earder socht wie nei in "keningshal" fan in Fryske kening.