Pastorij: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Blauwhuis - Pastorie.jpg|right|thumb|250px|De [[roomsk-katolisisme|roomske]] pastorij fan [[Blauhûs (Súdwest-Fryslân)|Blauhûs]].]]
In '''pastorij''', '''pastorije''' of '''weme''' is de [[amtswente]] fan in [[roomsk-katolisisme|roomsk]] [[pastoar]] (fan oarsprong) of (sûnt de [[Reformaasje]]) fan in [[protestantisme|protestantsk]] [[dûmny]]. Sa'n [[gebou]] wurdt yn 'e [[Frysk]]e [[sprektaal]] ek wol in wol '''pastory''' neamd, mar dy foarm komt net yn 'e [[wurdboek]]en foar, en moat dêrom as in [[hollanisme|hollanistyske]] [[ynterferinsje (taalkunde)|ynterferinsje]] op basis fan it [[Nederlân]]ske ''pastorie'' beskôge wurde. Yn 'e [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] wurdt de pastorij dy't by in [[katedraal]] heart, oantsjut as in '''plebanij''' of '''plebany''', om't de pastoar fan in katedraal in [[plebaan]] hjit. Pastorijen steane oer it algemien fuort njonken it [[tsjerkegebou]] dêr't se by hearre. Guon pastorijen dy't yn hielendal of hast hielendal yn 'e oarspronklike steat beholden binne, hawwe de status fan [[ryksmonumint]] of [[gemeentlik monumint]].
 
In protte pastorijen yn [[Nederlân]] binne tagelyk mei de byhearrende [[tsjerke]] ûntwurpen en foarmje dêrmei sadwaande ien [[arsjitektuer|arsjitektoanyske]] ienheid. It kin lykwols ek foarkomme dat de pastorij âlder of jonger is as it tsjerkegebou, en dêrom yn in oare [[boustyl]] foarmjûn is. Soks is mooglik as der oarspronklik gjin pastorij by in tsjerke hearde, of as itsij de tsjerke, itsij de pastorij op in stuit [[brân|ôfbaarnd]] en wer op 'e nij opboud is. Sokke pastorijen binne net of amper te ûnderskieden fan in gewoan [[hûs]] dat tafallich njonken de tsjerke stiet.
 
Troch de oanhâldende [[sekularisaasje]], dêr't sawol de [[Roomsk-Katolike Tsjerke]] as de [[Protestantske Tsjerke yn Nederlân]] mei te krijen hawwe, nimt it tal tsjerkleden ôf. As gefolch dêrfan wurde besteande [[gemeente (tsjerke)|gemeenten]] en [[parochy]]s gearfoege, of stelle in pear gemeenten mei-inoar ien predikant oan. Dêrtroch komt dan de pastorij (of ien fan 'ede pastorijen) leech te stean. Om't it ûnderhâld (en dus de kosten fan it gebou) dêrmei net ophâlde, wurdt yn sokke gefallen faak besletten om 'e pastorij te ferkeapjen. It wurdt dan in 'gewoane' (partikuliere) [[wente]], of it kriget in [[kommersje]]le funksje, bygelyks as [[restaurant]], [[bêd en brochje]], [[fakânsjehûs]], [[kantoar]] of [[winkel]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=