Odoäker: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 14:
== Keninkryk Itaalje ==
[[File:Odoacer 480ad.jpg|thumb|300px|Odoäker syn Keninkryk Itaalje yn 480 nei de anneksaasje fan Sisylje en Dalmaasje]]
As hearsker fan Itaalje fersloech Odoäker de [[Fandalen]] op [[Sisylje]] en foege it eilan ta oan syn keninkryk. Yn [[480]] sette er syn leger oar nei [[Dalmaasje (Romeinske Ryk)|Dalmaasje]], dêr't keizer Iulius Nepos ferbleau en naam ek dat yn besit. Hy sleat bûnsgenoatkippen mei de [[Fisigoaten]] en de [[Franken]], en holp harren yn oarloggen tsjin de [[Boergonden]], [[Allemannen]] en [[Saksen (folk)|Saksen]].
 
Doe't it keninkryk fan Odoäker fjirder útwreide, naam syn populariteit by de Romeinske bewenners ta en krige hy hieltyd mear ynfloed. [[Seno (keizer)|Seno]], de Romeinske keizer yn it easten, beseach dit allergear mei soargen. Yn [[487]] behelle Odoäker opnij in wichtige oerwinning; diskear fersloech hy de [[Rúgjers]], dy't in keninkryk hienen noardlik fan Itaalje.