Fenantius Fortunatus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
 
Rigel 25:
 
== Libben ==
Fenantius Fortunatus waard earne tusken [[530]] en [[540]] berne te Duplavis, deunby [[Treviso]], yn wat no noardeastlik Itaalje is. Hy groeide op doe't de [[Goatyske Oarloch (535-554)|Byzantynske werovering fan Itaalje]] geande wie, mar der bestiet ûnienichheid oer wêr't Fortunatus syn jonkheid trochbrocht hat. Guon [[histoarikus|histoarisy]] miene dat Fortunatus syn famylje nei [[Akwileja]], yn Midden-Itaalje, ferfear fanwegen de ûnlijige politike sitewaasje dy't yn Treviso ûntstie nei de dea fan 'ede [[Goaten|Goatyske]] kening [[Teoderik de Grutte]]. It bewiis foar dizze ûnderstelde ferhuzing is lykwols tige krap.
[[Ofbyld:AlmaTadema-VenantiusFortunatus.jpg|thumb|left|350px|''Fenantius Honoarius'' troch [[Alma Tadema|sir Lawrence Alma-Tadema]].]]
 
Earne yn 'ede 550-er of 560-er jierren reizge Fortunatus nei [[Ravenna (stêd)|Ravenna]] ta (dat doe it regearingssintrum fan Itaalje wie), om dêr te studearjen. Hy ûndergie dêr in klassike oplieding yn 'e [[Romeinske Ryk|Romeinske]] styl, wat û.m. blykt út syn trochkrûpte bekendheid mei klassike dichters as [[Fergilius]], [[Ovidius]] en [[Horatius]], wa har ynfloed oft sterk út syn lettere wurk nei foarren komt. Teffens hied er nei alle gedachten ienige kennis fan 'e [[Gryksk]]e taal en fan klassike Grykske skriuwers en [[filosoof|filosofen]], mei't er yn syn [[poëzij]] ferskate kearen nei harren ferwiist en út en troch ris in Gryksk wurd yn syn fersregels bemjukset.
 
Uteinlik ferfear Fortunatus fia [[Dútslân]] nei it âlde [[Galje]] (it hjoeddeiske [[Frankryk]]), dêr't er yn 'e maityd fan [[566]] oan it [[Merovingen|Merovingyske]] Hof te [[Metz]] oankaam, wierskynlik mei de bedoeling om dêr hofdichter te wurden. Aldergeloks foel syn oankomst dêre gear mei it houlik fan kening [[Sigebert I]] en keninginne [[Brúnhilde fan Austraazje|Brúnhilde]], en koed er daliks in wichtige rol ferfolje troch in fieringsdicht te meitsjen dat er foar it hiele Hof foardroech. Sadwaande hied er fan it begjin ôf oan al in grutte kliïntêle fan eallju dy't him betellen om poëzij foar (en oer) harren te skriuwen. Likernôch in jier nei syn oankomst yn Metz reizge Fortunatus fierder nei it Hof fan Sigebert syn broer, kening [[Garibert I]], te [[Parys]], dêr't er ferbleau oant it ferstjerren fan dyselde yn [[568]]. Fanwegen it gefaar dat kening [[Hilperik I]] foar him ynhold, de broer en fijân fan Sigebert en Garibert, dy't syn macht doe nei Parys ta útwreide, wied er twongen en kear werom nei de lannen dêr't Sigebert de skepter swaaide.