Hâns en Grytsje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 26:
| ISBN oers. = 9 06 27 32 321
}}
'''''Hâns en Grytsje''''', yn it oarspronklike [[Dútsk]]: '''''Hänsel und Gretel''''' ([[Nederlânsk]]: ''Hans en Grietje''), is ien fan 'e bekendste [[mearke]]s dy't troch de [[bruorren Grimm]] optekene waarden yn harren ''Kinder- und Hausmärchen'' ("Berne- en Hûsmearkes") fan [[1812]]. It giet werom op in oerâld [[Dútslân|Dútsk]] folksferhaal, dat de bruorren Grimm trochdien waard troch Dortchen Wild. It is neitiid adaptearre ta in ferskaat oan media, mei dêrûnder [[film]], [[tillefyzje]], [[animaasje]], [[roman]]s en [[fideospultsje]]s. Yn [[1983]] is it mearke troch [[Jant Visser-Bakker]] oerset yn it [[Frysk]] as ûnderdiel fan 'e samling ''De Moaiste Mearkes 1'', neffens de útjefte ''Die Schönsten Märchen der Brüder Grimm'' (dat in oanpassing fan 'e oarspronklike tekst nei modern [[Dútsk]] ta is troch [[Margrit Weber]]). Yn [[2012]] is ''Hâns en Grytsje'' op 'e nij oerset nei it Frysk troch [[Anne Tjerk Popkema]], as ûnderdiel fan 'e samling ''[[Mearkes fan Grimm]]''.
 
==Ynhâld==