Gisbertus Voetius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Jelle (oerlis | bydragen)
LNo edit summary
Rigel 1:
[[Ofbyld:Postzegel 1936 universiteit.jpg|thumb|right|300px|Voetius op de rjochter postsegel]]
'''Gisbertus Voetius''' (1589-1676). Heechlearaar yn Utert
'''Gisbertus Voetius''' (oarspr. Gijsbert Voet) ([[Heusden (festing stêd)|Heusden]], [[3 maart]] [[1589]] - [[Utert]], [[1 novimber]] [[1676]]) wie in [[Nederlân]]s [[teolooch]], [[heechlearaar]] en [[predikant]] fan [[grifformeard]]e huze. Hij waard foaral ferneamd as de earste heechlearaar fan de [[universiteit fan Utert]].
 
== Syn jonge jierren ==
{{stobbe}}
It geslacht Voet wennet al inkele generaasjes yn Heusden. Er wurdt sein dat it geslacht Voet in eallju geslacht is, mar dat is nea bewezen. It strategysk lizzende festings stedsje leit op de grins fan [[Hollân]], [[Noard-Brabân|Brabân]] en [[Gelderlân]]. It wie dan ek yn [[tachtichjierrige oarloch]] in plak wer bot om fochten is. Voetius pake, Nicolaas Dirksz Voet boargemaster fan [[aldheusden]] , wie yn syn omjouwing ien fan de earsten en hast ienichste dy’t iepenlik útkaam foar de reformearre religy en dus de party fan Prins [[Willem fan Oranje]] keas. De pake ferstoar ûnder fertochte omstannichheden yn de finzenis fan [[s-Hertogenbosch]]. Syn soan Paulus, de heit fan Voetius, nam tsjinst yt it leger dat Heusden moast beskermje tsjin de Spanjoalen. Ûnder de lieding fan [[Maurits fan Oranje|Prins Maurtis]] en [[Willem Loadewyk]] ferstoar paulus Voet yn [[1597]] by de belegering fan [[Bredevoart]] yn Gelderlân.
 
== Syn stúdzje ==
Gisbertus wie sechde fan acht bern, wêrfan hy mei syn broers Dirk en Paul en in sus Elisabeth yn libben bliuw. Hy wie noch jong doe 't er foar it earst de Latynske skoalle besocht. Nei de dea fan syn heit seach it er net nei út dat Gisbertus fjirder koe leare. Mar troch de boargers en it stedsbestjoer koe hy dôchs mei de stúdzje trochgean. It wie al gau dúdlik dat Gisbertus net allinnich goed koe leare, en in goed geheugen hie hy wie ek al op jonge leeftyd sear from. It stedsbestjoer makke fan him in Stadtsstudint. Mie dizze stúdzje beurs waard er talitten op de Leiense universiteit. Nei de propedeutyske fakken koe hy him yn 1607 talizze op de teology. Yn dy tiid spile it konflikt tusken de heechleararen [[Arminius]] en [[Gomarus]]. Voetius stie oan de kant fan Gomarus, hy wie dus in oanhinger fan it strange [[Kalvinisme]]. Yn 1611 studearre hy op 22 jierrige leeftyd of.
 
== syn karriêre ==
Werom yn Heusden besocht hy om noch in stêdlike stúdzje beurs te krijen. Hy woe graach lâns inkele grifformearde ynstituten reizgje yn Jeropa. Mar hy krige gjin beurs. Derom begûn hy te preekje yn en om Heusden hinne. Op [[25 septimber]] [[1611]] waard hy befêstige as predikant te [[Flijmen]]. Ek it plak [[Engelen]] hearde by it wurkgebiet. Engelen wie in echt Reams katolyk plak mar dôchs wist hy in grifformearde gemeente mei tsjerke rie op te rjochtsjen. Neis syn predikantskip bestede hy in soad tiid oan syn stúdzje. Yn 1617 waard hy beroppen yn Heusden. Net allinnich wie er wurksum foar syn gemeente, hie stapte steats mear op de foargrûn as in wichtich fertsjinwurger en útfierder fan de strange kontraremonstranten lear. Yn 1618-1619 waard hy ôffeardige foar de [[synoade fan Dordrecht]]. Yn 1629 waard er fjild prediker. Hy gie lâns de troepen dy’t op dat momint ‘s-Hertogenbosch belegeren. Mar hie wie net allinnich oansteld as prediker. Nei it oermasterjen fan de stêd moast hy er foar soargje dat er gjin katolike tsjinsten mear hâlden wurden en dat de minsken oer soenen stappen op it gereformearre geloof. Nei de ynnamme wurke Voetius mei oare predikanten snel mei it opsetten fan gereformearre tsjerke organisaasjes yn de stêd.
Yn 1634 waard Voetius beneamd ta heechlearaar yn de teology, [[Hebrieusk]] en easterske talen oan de pas oprjochte universiteit fan Utert. Hy hat mear dan fjirtich jier wurke oan de universiteit. Hy stie bekend as in presise. Hy ferdidige de puriteinske sneinsfiering en bestride de wrâldse saken lykas doansje, toaniel, te folle ite en drinke. De filosofy fan [[Descarte]] moast it ek ûntjilde.
 
== syn lêste jierren ==
Neist heechlearaar wie ek Medepredikant yn Utert. Mar hy wegere de kategisaasje fan bern te dwaan. Fan syn eigen fiif bern gienen trije bern yn syn fuotspoaren. Syn soannen Paulus en Danielen waarden heechlearaar en Nicolaas waard predikant. Dochter Elisabeth wie siik yn de hole. Op hege leeftyd moasten syn frou en hy meimeitjsen dat harren bern Daniel, Maria en Paulus koart nei elkoar ferstjearden. Noch op hege leeftyd wie Voetius aktyf yn it Tsjerke. Op 88 jierrige leeftyd ferstoar Voetius yn syn sliep.
 
== Geskriften fan Voetius ==
*''Theologia practica''
*''Selectae disputationes theologicae'' (fiif dielen, Utert 1648-1669), in moraallear dêr reformearre tsjerke
*''Politica ecclesiatica'' (1663-1667), oer it tsjerklike libben.
*''Te askètika sive exercitia pietatis'' (1664, her útjoen yn 1996), in hânboek foar it godstsjinstige libben
 
 
[[kategory:teolooch]]
[[kategory:heechlearaar]]
 
[[de:Gisbert Voetius]]
[[en:Gisbertus Voetius]]
[[fr:Gisbertus Voetius]]
[[pl:Gisbertus Voetius]]