Live action: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
'''Live action''', soms skreaun as '''live-action''' of '''liveaction''', is in term út 'e [[film]]yndustry en de [[tillefyzje]]sektor wêrmei't oanjûn wurdt dat in [[spylfilm]], [[tillefyzjefilm]] of [[tillefyzjesearje]] spile wurdt troch ([[libben]]e) [[akteur]]s en [[aktrise]]s. Dêrmei is it it tsjinstelde fan [[animaasje]], dat gebrûk makket fan [[personaazje]]s dy't mei de hân of mei de [[Kompjûter|kompjûter]] tekene binne, en wêrfoar't [[stimakteur]]s letter de [[stim]]men ynsprekke. De term komt út it [[Ingelsk]] en betsjut letterlik "libbene aksje". Om't der meastal sprake is fan live action wurdt dy tafoeging yn 'e regel inkeld brûkt as men it net ferwachtsje soe dat eat troch libbene akteurs spile waard of om it kontrast mei animaasje oan te jaan.
 
Ek films of tillefyzjeprogramma's mei [[marionet]]ten en oarsoartige [[pop]]pen (lykas ''[[Sesamstraat]]'' en ''[[The Muppet Show]]'') wurde almeast ta live action rekkene, salang't de poppen alteast net fuortbeweegd wurde mei [[stop-motion]]. Der besteane ek hybride live action/animaasjefilms, wêryn't minsklike akteurs tekenfilmfigueren as [[tsjinspiler]]s hawwe. It bekendste foarbyld fan dat soarte films is ''[[Who Framed Roger Rabbit?]]''.