Kompjûteranimaasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
[[File:Activemarker2.PNG|right|thumb|250px|In foarbyld fan hoe't kompjûteranimaasje ûntstiet troch de [[motion capture]]-technyk.]]
'''Kompjûteranimaasje''', ek bekend as '''digitale animaasje''', is in proses wêrby't [[kompjûter]]skompjûters brûkt wurde om [[film|bewegende bylden]] oan te meitsjen. It is in foarm fan [[computer-generated imagery]] (better bekend ûnder de [[ôfkoarting]] CGI), dêr't ek stilsteande bylden ûnder falle dy't mei kompjûters makke binne. Moderne kompjûteranimaasje makket yn 'e regel gebrûk fan [[trijediminsjonale kompjûterbylden]], hoewol't [[twadiminsjonale kompjûterbylden]] noch altyd brûkt wurde as dêr in [[styl]]istyske reden foar is, as dat moat fanwegen in lege [[bânbreedte]] en om 'ede [[animaasje]] yn [[real-time]] wer te jaan.
 
Kompjûteranimaasje is eins de [[kompjûter|digitale]] opfolger fan [[stop-motion]]techniken dy't gebrûk meitsje fan trijediminsjonale modellen, en fan [[tradisjonele animaasje|mei de hân tekene animaasje]]techniken dy't gebrûk meitsje fan byld-foar-byldanimaasje foar twadiminsjonale [[yllustraasje]]s. Behalven foar [[tekenfilm]]s wurde kompjûteranimaasjetechniken ek ynset foar [[special effects]] yn [[live action]]-films, mei't kompjûteranimaasje better te behearskjen en faak ek goedkeaper is as prosessen op fysike basis, lykas it brûken fan [[minatuer]]en foar special effects-opnames of it ynhieren fan grutte klibers [[figurant]]en foar massa[[sêne]]s. Ek kin men mei kompjûteranimaasje bylden kreëarje dy't op gjin inkele oare manear makke wurde kinne soene.
Rigel 8:
Om twadiminsjonale animaasjes te meitsjen wurde yllustraasjes brûkt dy't opboud binne út ferskate trochsichtige lagen of [[key frame]]s, sadat de [[animator]] by bgl. in minsklik figuer [[earm (anatomy)|earms]], [[skonken]], [[eagen]], [[mûle]], [[hier (begroeiïng)|hier]], [[klean]], ensfh. apart faninoar bewege litte kin. As de animator oanjout wat er wol dat der bart, wurde de ferskillen yn beweging fan 'e key frames troch de kompjûter automatysk berekkene yn in proses fat [[inbetweening|tweening]] of [[morphing]] hjit. It byld dat as resultaat fan dat proses ferskynt, hjit in [[rendering (kompjûteranimaasje)|rendering]].
 
Om trijediminsjonale animaasjes te meitsjen, wurde modellen yn 'e kompjûter opboud, wêrnei't fysike figueren (lykas minsken) optûgd wurde mei in [[firtueel skelet]], sadat de kompjûter waarnimme kin hoe't se bewege. Mei dy gegevens kin it [[kompjûterprogramma]] dan it model dyselde bewegings meitsje litte. By sokke trijediminsjonale animaasjes kinne alle bylden pas ''rendere'' wurde nei't de modellearringsfaze mei it firtueel skelet ôfrûne is. Foar presintaasjes foarôfgeande oan it fêstlizzen fan 'ede úteinlike film wurde de ''rendere'' bylden ornaris oerbrocht nei in oar [[medium]], lykas digitale [[fideo]]. It is ek mooglik om bylden yn real-time te ''renderjen'' foar in einpublyk. De earste kompjûteranimaasje, mei as namme ''Hummingbird'' ("[[Kolibry]]"), waard yn [[1967]] makke troch Charles Csuri en James Shaffer.
 
{{boarnen|boarnefernijing=