Kiuw: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Tuna Gills in Situ 01.jpg|right|thumb|250px|De kiuwen fan in (slachte) [[tonyn]], fan efteren sjoen.]]
In '''kiuw''', foarhinne [[stavere]] as '''kieu''', is ien fan in pear gelikense [[orgaan (lichemsdiel)|organen]] om mei te [[sykheljen]], dy't foarkomme by in protte [[bisten]] dy't yn it [[wetter]] libje. De funksje fan dizze organen, dy't ornaris fuort efter de [[kop]] oan wjerskanten fan it lichem sitte, is om oploste [[soerstof]] oan wetter te ûntlûken en der [[koalstofdiokside]] oan ôf te jaan. Dêrmei binne se it ekwifalint by wetterdieren foar [[longen]] by lândieren. Kiuwen binne it bekendst fan [[fisken]], mar ek oare wetterdieren hawwe se, lykas beskate [[ynsekten]], guon [[lidpoatigen]] ([[krabben]], [[kreeften]], [[garnalen]]) en de [[larve|larvale]] stadia fan [[amfibyen]]. De kiuwen fan guon fan sokke bisten, lykas de [[hearemytkreeft]] (''Pagurus bernhardus''), hawwe har sa ûntjûn dat der ek op it drûge mei azeme wurde kin, op betingst dat se fochtich holden wurde.
[[File:LarveKamsalamander.JPG|thumb|left|250px|In [[kikkertfiskje]] fan 'e [[kjimsalamander]], mei útwindige kiuwen.]]
 
Kiuwen lizze efter de saneamde [[kiuwspjalt]]en en wurde min ofte mear droegen troch de [[kiuwbôge]]n. Dat binne heakfoarmige struktueren fan [[bonke]] (by [[bienfiskeftigen]] en [[amfibyen]]) of fan [[kreakbien]] (by [[kreakbienfisken]]) dy't yn 'e wand tusken de kiuwspjalten lizze. Histoarysk hawwe har út sokke kiuwbôgen de earste [[kaak (lichemsdiel)|kaken]] fan libbene [[organisme]]n ûntwikkele. Eltse kiuwbôge draacht in stikmannich (soms wol in pear hûndert) opinoar steapele [[kiuwplaatsje]]s, en elts kiuwplaatsje draacht wer in grut tal [[sekundêr kiuwplaatsje|sekundêre kiuwplaatsjes]]. Wetter dat út 'e [[kiuwholte]] wei troch de kiuwspjalten parse wurdt, streamt sadwaande troch de tusken de sekundêre kiuwplaatsjes leine kanaaltsjes. De [[mikroskopy]]ske struktuer fan 'e kiuwen hat op dy manear in tige grut oerflakgebiet dêr't it soerstofrike wetter yn nau kontakt komt mei it soerstofearme bloed.
 
Oan 'e binnenkant fan 'e kiuwen sitte de [[kiuwseef|kiuwseven]], dy't der by de measte fisken en oare bisten mei kiuwen foar soargje dat de kiuw net skansearre rekket troch smoargens en oar yn it wetter omdriuwkeljend materiaal. Sokke kiuwseven wurkje dus likernôch itselde as de [[noashier|noashierkes]] by bisten mei [[long]]en. By [[plankton]]itende fisken is de kiuwseef tige fyn. Sokke fisken nimme allegeduerigen fia de [[bek]] wetter yn, dat se troch de kiuwen wer nei bûten ta pompe, folle mear as dat se behoefte oan soerstof hawwe. Dêrby giet it har der om dat it plankton, dêr't se fan libje, efter de kiuwseven hingjen bliuwt. U.m. de grutste libbene fisk, de [[walfiskhaai]] (''Rhincodon typus''), is sa'n planktonfretter.