Bestraffing: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Chapeltown Stocks.jpg|right|thumb|270px|In âlde [[kaak (skandpeal)|skandpeal]] yn it [[Ingelân|Ingelske]] [[Chapeltown (Ingelân)|Chapeltown]].]]
In '''bestraffing''' of '''straf''' is ûnoangename maatregel dy't troch in [[minske|persoan]] of [[ynstelling|ynstânsje]] dy't dêrta it [[foech]] hat, oplein wurdt oan 'e dieder(s) fan ûnakseptabel hâlden en dragen. By sok ûnakseptabel hâlden en dragen kin men tinke oan 'e misdragings of oerhearrigens fan in [[bern (persoan)|bern]] dat net om it sizzen fan syn [[âlden]] jaan wol, mar likegoed oan it útfieren fan in [[misdriuw]] dêr't men (bewust of soms ûnbewust) de [[wet]] mei brekt. De bestrafte kin in [[minske]] wêze, mar ek in groep minsken of in [[bist]]. Yn [[oerdrachtlike sin]] sprekt men ek wol fan in 'straf' as in ûnoangenaam gefolch fan immens dieden dat net fan boppenôf oplein wurdt, 'fertsjinne' liket te wêzen.
 
Rjochtfeardigings foar it útdielen fan bestraffings binne û.m. [[ferjilding]], it stellen fan in [[ôfskrikwekjend foarbyld]], [[rehabilitaasje]] fan 'e dieder (d.w.s. derfoar soargje dat de dieder syn libben betteret) en [[misdiebestriding|ynkapasitaasje]] fan 'e dieder (d.w.s. derfoar soargje dat de dieder soks net wer dwaan kin, ornaris troch him/har fêst te setten). As in bestraffing útfierd wurdt troch immen dy't dêrta net it foech hat, is der gjin sprake fan ferjilding of ien fan 'e oare foarneamde rjochtfeardigings, mar fan [[wraak]], as de dieder de bestraffer earder wat oandien hat, of oars fan klearebare [[boasaardichheid]].
Rigel 6:
Foarbylden fan bestraffings fan oerhearrige bern binne it jaan fan in [[time-out (opfieding)|time-out]] (foarhinne waard soks 'yn 'e hoeke stean' neamd) of it ûnthâlden fan wat oangenaams, lykas [[iten]] (sûnder iten op bêd), of [[snobbersguod]] of [[boartersguod]] (benammen effektyf as oare bern dat wol krije of dêr wol mei [[boartsjen|boartsje]] meie). Foarhinne joech men stoute bern gewoan in draai om 'e earen of in [[wan bruien]], mar soks wurdt tsjintwurdich wetlik ta [[bernemishanneling]] rekkene (hoewol't der eins in grut ferskil is tusken oerhearrige bern in pear klappen foar de [[kont]] jaan by wize fan bestraffing en it mei opsetsin en oanhâldend lichaamlik tenei kommen fan in bern dat neat misdien hat). Ek yn 'e [[sport]] ken men bestraffings, lykas [[tiidstraf]]fen by [[iishokky]] en [[strafskop]]pen en [[giele kaart|giele]] en [[reade kaart]]en by [[fuotbal]].
 
Foarbylden fan [[wet]]like straffen binne [[boete (jild)|boete]]s, wêrby't men ferplichte wurdt ta it beteljen fan in [[jild]]bedrach; [[wurkstraf]]fen, wêrby't men foar in beskate tiid ferplichte wurden ta it ferrjochtsjen fan [[maatskippij|maatskiplik]] nuttich [[wurk]]; en [[finzenisstraf]]fen, wêrby't men yn in [[finzenis]] fêstholden wurdt foar it útsitten fan in [[selstraf]]. Foarhinne kamen ek [[liifstraf]]fen foar, wêrby't men [[minsklik lichem|lichaamlik]] [[tramtaasje|tramtearre]] waard, bygelyks troch mei in [[swipe]], [[stôk]] of [[gisel]] slein te wurden. Tsjintwurdich hâldt [[Saûdy-Araabje]] dêr noch oan fêst, dêr't jin bgl. foar [[dieverij]] in [[hân]] [[amputaasje|ôfslein]] wurdt.
 
[[Stêd]]en en gruttere [[doarp]]en hiene foarhinne in [[kaak (skandpeal)|skandpeal]], dêr't dieders fan lichtere misdriuwen mei de [[holle]] en hannen yn fêstset waard om har te skande te meitsjen en bleat te stellen oan 'e [[ferhuning]] fan harren mei-boargers. Ek dat wie in soarte fan liifstraf. Foar swierdere misdriuwen krige men yn dy tiid al gau de [[deastraf]], wêrby't men (faak publyklik) [[eksekúsje|eksekutearre]] waard, bgl. troch [[ophinging (libbensbeëiniging)|ophinging]] of [[ûnthalzing]]. De deastraf komt ek tsjintwurdich noch wol foar, yn lannen as [[Saûdy-Araabje]], [[Iraan]], [[Sina]] en de [[Feriene Steaten]]. De stúdzje fan bestraffing foar misdragings, benammen as it giet om [[finzenisstraf]]fen, hjit [[penology]].
 
{{boarnen|boarnefernijing=