Kolumbarium: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 2:
In '''kolumbarium''' ([[Latyn]] foar [[dowehok]]), is in plak dêr't [[Urn|urnen]] bewarre wurde; it kin in part fan in [[mausoleum]] wêze,of fan in oar gebou, mar it kin ek allinne in muorre wêze.
 
At in stoflik omskot [[Kremaasje|kremearre]] wurdt, kin de [[jiske (ferbaarning)|jiske]] op ferskate wizen teplak brocht wurde. Dy kin bygelyks ferstruid wurde op in struifjild, faak tichteby in krematoarium, of boppe see. Yn dy gefallen is der lykwols gjin dúdlik oan te wizen lêste rêstplak.
 
De ferstoarne of syn neisten kinne ek foarkar hawwe foar in yndintifisearber plak. Dan kin de jiske yn in urn byset wurde. Apart ornearre bousels op in begraafplak of yn muorren yn of by krematoaria hawwe nissen foar de urns. Yn Nederlân mei dat ek op it eigen hiem, in saneamd túnkolumbarium. Eltse nis kriget de persoansfeiten fan de ferstoarne op in plakette.