Ferskil tusken ferzjes fan "Lyk"

45 bytes grutter ,  9 moannen lyn
bs
(→‎Untbining: mwôh, kin der ek wol út as jo dêr argewaasje fan krije)
(bs)
 
[[File:Rembrandt_-_The_Anatomy_Lesson_of_Dr_Nicolaes_Tulp.jpg|right|thumb|250px|''De Anatomyles'', fan [[Rembrandt van Rijn]]: [[dokter]]s en [[studint]]en bûge har oer in [[minskeminsklik lichem|minsklik]] lyk.]]
In '''lyk''' of '''kadaver''' is it [[dea]]de [[minsklik lichem|lichem]] fan in [[organisme]] nei it [[ferstjerren]]. Meastal wurdt mei dizze oantsjutting ferwiisd nei it deade lichem fan in [[minske]], mei't in dead bist ornaris in [[kadaver]] of [[kring (kadaver)|kring]] neamd wurdt. As [[eufemisme]] wurdt foar in minsklik lyk ek wol de oantsjutting '''stoflik omskot''' brûkt. Kadavers fan deade bisten kinne, ynsafier't se net troch de minske opromme wurde, lykslein wurde mei [[ies (kadaver)|ies]]. In kadaver sil yn 'ede [[natoer]] op itselde plak lizzen bliuwe en [[ûntbining|ûntbine]] oant it troch [[iesiter]]s en [[mikro-organisme]]n alhiel opfretten en ôfbrutsen is. Yn in sûne [[biotoop]] is it opromjen fan dead organysk materiaal in wichtige [[ekology]]ske [[nys]]. Minsklike liken binne yn 'e regel it mulpunt fan [[deaderitueel|deaderituëlen]], lykas yn 'e Westerske [[kultuer]] in [[begraffenis]] of [[kremaasje]]. Nei in begraffenis sil it stoflik omskot fan in minske lykwols úteinlik ek bleatstean oan [[ûntbining]] en ôfbrutsen wurde troch mikro-organismen. Datselde jildt yn mindere mjitte foar de [[jiske (ferbaarning)|jiske]] dy't oerbliuwt nei in kremaasje.
 
==Untbining==
14.188

bewurkings