Lânfâd: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''lânfâd''' ([[froulik]]e foarm: '''lânfâdesse''') is in algemiene [[histoarysk]]e oantsjutting foar it [[amt (funksje)|amt]] fan in [[persoan]] dy't yn ôfwêzichheid fan 'e [[lânshear]] as fertsjintwurdiger fan dyselde lânshear it [[lân]] bestjoerde. Dit amt kaam sterk oerien mei dat fan [[gûverneur]], [[gûverneur-generaal]], [[steedhâlder]] en [[regint]]. De gebieten dy't troch gûverneurs en steedhâlders bestjoerd waarden, wiene lykwols ornaris lytser as it gebiet dat troch in lânfâd bestjoerd waard, en dêropta hiene lânfâden grutter foech. It ferskil mei gûverneurs-generaal wie, dat dy lêsten benammen foarkamen yn 'e kontekst fan it [[kolonialisme]], as bestjoerders fan [[koloanje]]s. En fan in regint of regintesse wie fral sprake yn it gefal fan 'e [[minderjierrigens]] fan in hearsker.
 
De term 'lânfâd' is benammen bekend út 'e [[steatsrjocht]]like sitewaasje yn 'e [[Nederlannen]] yn 'e [[sechstjinde iuw]], doe't dy bestjoerd waarden troch de leden fan it [[Hûs Habsburch]]. [[Karel V]], dy't regearre fan [[1506]] oant [[1555]], wie behalven [[hear (titel)|hear]] fan 'e Nederlannen ek [[keizer]] fan it [[Hillige Roomske Ryk]] en [[kening]] fan [[Spanje]]. Hoewol't er syn [[Keninklik Hof|hof]] yn [[Brussel]] hie, wied er gauris op [[reis]] en as er al thús wie, waard in grut part fan syn tiid yn beslach nommen troch Dútske en Spaanske oangelegenheden. Dêrom stelde er in lânfâd(esse) oan dy't him/har folslein op it bestjoer fan it Nederlânske diel fan syn ryk talizze koe. Fral Karel syn [[muoike]] [[Margareta fan Savoaye]] en syn [[suster]] [[Marije fan Hongarije]] beklaaiden dat amt lange tiid.