Underkening: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
Rigel 1:
In '''ûnderkening''' is in soarte fan [[regint]] of [[lânfâd]] dy't út namme fan in [[monarch]] oer in diel fan in [[ympearium|ryk]] regearret, lykas in [[koloanje]] of in [[provinsje]]. Sa'n gebiet hjit in '''ûnderkeninkryk''', en in [[froulik]]e ûnderkening is in '''ûnderkeninginne'''. Soms wurdt ek de [[oarehelte|frou]] fan in ûnderkening sa neamd. De [[amt (funksje)|amt]]stitel 'ûnderkening' ymplisearret dat der in [[kening]] of [[keizer]] boppe sa'nent stiet; yn in [[lân]] mei in [[presidint]] as [[steatshaad]] sil immen mei itselde soarte funksje earder in [[gûverneur]] of [[gûverneur-generaal]] neamd wurde. Ek ymplisearret it amt fan ûnderkening dat it gebiet dêr't hy it bewâld oer fiert, grut of tichtbefolke genôch is om sa'n hege titel nedich te meitsjen.
 
Yn it iermoderne [[Keninkryk Spanje]] bestiene ferskate ûnderkeningen. Sa waarden oer de mânske [[koloanje]]s yn [[Amearika]] ûnderkeningen oansteld: yn [[1535]] oer [[Nij-Spanje]] (it lettere [[Meksiko]]), yn [[1542]] oer [[Perû]] (doe noch ynkl. [[Bolivia]]), yn [[1717]] oer [[Nij-Granada]] (no [[Kolombia]], [[Fenezuëla]] en [[Ekwador]]) en yn [[1776]] oer [[Rio de la Plata (ûnderkeninkryk)|Rio de la Plata]] (no [[Argentynje]] en [[Oerûguay]]). Mar ek yn 'e [[Jeropa|Jeropeeske]] dielen fan Spanje waarden ûnderkeningen oansteld, te witten oer de [[keninkryk|keninkriken]] [[Keninkryk Aragon|Aragon]], [[Falinsia (regio)|Falinsia]], [[Kataloanje]], [[Keninkryk Sardynje|Sardynje]], [[Keninkryk Sisylje|Sisylje]] en [[Keninkryk Napels|Napels]]. De [[Nederlannen]], dy't ek diel útmakken fan it [[Spaanske Ryk]], mar dy't gjin apart keninkryk foarmen, waarden lykwols net bestjoerd troch in ûnderkening, mar troch in [[lânfâd]].
 
It [[Keninkryk Portegal]], dat fan [[1580]] oant [[1640]] sels regearre waard troch in Spaanske ûnderkening, stelde ûnderkenings oan oer [[Portegeesk-Ynje]] (sûnt [[1505]]) en oer [[Brazylje]] (sûnt [[1763]]). It [[Keninkryk Frankryk]] stelde tusken [[1541]] oant [[1672]] ûnderkenings oan oer [[Nij-Frankryk]], de Frânske koloanje yn [[Noard-Amearika]]. Letter, fan [[1858]] oant [[1947]], waarden ek de [[gûverneur-generaal|gûverneurs-generaal]] fan [[Britsk-Ynje]] [[ûnderkening fan Ynje]] neamd ([[Ingelsk]]: ''Viceroy of India''). Nei de [[Itaalje|Italjaanske]] ferovering fan [[Etioopje]], yn 'ede [[Twadde Abessynske Oarloch]], hiene de bestjoerders fan [[Italjaansk East-Afrika]] fan [[1936]] oant [[1941]] de titel fan 'ûnderkening en gûverneur-generaal'. Ek yn it besette [[Albaanje]] stelden de Italjanen tusken [[1939]] en [[1944]] ûnderkenings oan.
 
Yn it moderne [[Nederlân]] tsjut men de [[fise-foarsitter]] fan 'e [[Rie fan Steat]] ynformeel wol oan as de 'ûnderkening fan Nederlân'.