Preester: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 1:
[[File:Priests rome.jpg|right|thumb|180px|In pear [[roomsk-katolisisme|roomske]] preesters.]]
In '''preester''' of '''pryster''' is yn in protte [[godstsjinst]]en in midsman foar de leauwenden tusken it [[god]]like en it wrâldske, dy't oer it foech beskikt om religieuze [[ritueel|rituëlen]] út te fieren. In [[frou]]like preester is in '''preesteresse''' of '''prysteresse'''. It wurd is ôflaat fan it [[Gryksk]]e πρεσβύτερος, ''presbyteros'', dat "âldste" (fan in [[tsjerk]]liketsjerklike gemeente) betsjut. Preesters komme foar yn û.m. it [[kristendom]], it [[boedisme]], it [[hindoeïsme]], it [[sjintoïsme]], it [[Westersk heidendom]] en guon [[natoerreligyen]]. Ek yn oare godstsjinsten bestiet faak wol in ferlykber amt, mar dat wurdt dan oars neamd; bgl. yn it [[protestantisme|protestantske]] [[kristendom]] [[dûmny]] of [[predikant]], yn it [[joadendom]] [[rabbyn]] en yn in protte [[natoerreligyen]] [[sjamaan]].
 
It amt fan preester bestiet al sûnt de ierst bekende [[skiednis]] fan 'e [[minskheid]], wierskynlik as gefolch fan it foarkommen fan oerskotten oan produsearre [[lânbou]]produkten, dat ta [[maatskiplike stratifikaasje]] (it ûntstean fan ûnderskate sosjale stannen) late. De needsaak om by steat te wêzen om [[hillige tekst]]en te lêzen en de [[statistyk|statistiken]] fan 'e [[timpel]] of [[tsjerke]] by te hâlden, fitere yn in protte [[kultuer]]en de ûntwikkeling en fersprieding fan [[lêzen]] en [[skriuwen]] oan.
 
Preesters wurde faak ornearre yn kontakt te stean mei de [[god]] of [[god|goaden]] fan 'ede religy dy't se fertsjintwurdigje. Hja ynterpretearje faak foarfallen yn it ramt fan dy religy en fiere religieuze [[ritueel|rituëlen]] út, lykas [[offerritueel|offerseremoanjes]], [[deaderituëlen]] en [[inisjaasjeriten]]. Dêrta hearre û.m. [[doop (sakramint)|doop]]seremoanjes, [[benijenis]]rituëlen, [[houlik]]ssearemoanjes, [[begraffenis]]sen en [[kremaasje]]s. Fierders geane se faak foar yn [[gebed]]ens, jouwe se [[ûnderrjocht]] yn 'e [[dogma|dogma's]] fan harren religy en fiterje se de leauwenden mei taspraken of [[preek|preken]] oan om har oan 'e foarskriften fan dy religy te hâlden.
 
Yn guon godstsjinsten hawwe preesters har feriene yn in gruttere organisaasje, faak mei in hierargyske piramidestruktuer mei ien heechste preester oan it haad en ferskate legere klassen fan preesters dêrûnder. Dat is bygelyks it gefal mei de [[geastlikheid]] fan it [[roomsk-katolisisme|roomsk-katolike]], [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] en [[oriïntaalsk-otterdoksy|oriïntaalsk-otterdokse]] [[kristendom]], de [[lama (preester)|lama's]] fan it [[lamaïsme|lamaïstyske]] [[boedisme]] en de ''[[ulāmā]]'' fan 'e [[sjiïsme|sjiïtyske]] [[islaam]].