Francis Gibson (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Tulp8 (oerlis | bydragen)
bs
 
Rigel 6:
| echte namme = Francis Gibson
| nasjonaliteit = [[File:Flag of the United Kingdom.svg|20px]] [[Grut-Brittanje|Britsk]]
| berne = [[16 jannewaris]] [[1753]] <small>([[doop]]tdoopt)</small>
| berteplak = [[Whitby]] ([[Ingelân]])
| stoarn = [[24 july]] [[1805]]
Rigel 22:
| webside = ''n.f.t.''
}}
'''Francis Gibson''' ([[Whitby]] ([[Ingelân]]), [[doop (sakramint)|doop]]t [[16 jannewaris]] [[1753]] – dêre, [[24 july]] [[1805]]) wie in [[Ingelân|Ingelsk]] [[skriuwer]], [[dichter]] en altemets [[keunstskilder]].
 
==Libben en karriêre==
Gibson waard yn [[1753]] berne yn [[Whitby]], yn it [[Ingelân|Ingelske]] greefskip [[Yorkshire]], as de soan fan Joseph en Mary Gibson. Hy waard [[seeman]] en reizge nei [[Noard-Amearika]]. Letter sylde er as [[kaptein (skipfeart)|kaptein]] op syn heite [[skip]] ek nei it [[Eastsee]]gebiet. Yn [[1787]] waard Gibson op foarspraak fan [[Henry Phipps, 1e greve fan Mulgrave]] oansteld as [[kommys]] fan 'ede [[dûane]] te Whitby, in amt dat er oan syn dea yn [[1805]] ta behold. Hy [[houlik|troude]] twaris en hie ek [[bern (persoan)|bern]].
 
Francis Gibson is bekend bleaun troch syn skriuwwurk, wêrfan't benammen syn sammele [[fersen]] ''Poetical Remains'' neamd wurde moatte, dy't postúm yn [[1807]] publisearre waarden. Fierders skreau er ''Streanshall Abbey, or The Danish Invasion'', in [[toanielstik]] yn fiif bedriuwen dat er opdroech oan Martha Sophia Maling, grevinne fan Mulgrave, de oarehelte fan syn patroan. Dit stik waard yn [[1799]] foar it earst opfierd. Teffens wie fan Gibson syn hân it [[non-fiksje]]wurk ''Sailing Directions for the Baltic'' ("Sylynstruksjes foar de Eastsee"), út [[1791]], dat nei't it skynt de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[float]] noch goed fan pas kaam yn 'e [[Slach by Kopenhagen (1801)|Slach by Kopenhagen]], yn [[1801]]. Ta einbeslút sette Gibson yn [[1802]] ek it wurk ''Memoirs of the Bastile'' oer út it [[Frânsk]], dat in ferslach is fan 'e [[Bestoarming fan de Bastille]], yn [[1789]].